Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Slakken & Soa’s

logo.ensafh

Wolkom by ús nije podcastôflevering! Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel Oan wjerskanten fan de Styx. Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys? Moatte hobbys leuk wêze?

Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsje mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún. Hasto it album Nu/Nooit fan KUÒ & Poelier al heard? Dêrneist binne we op syk nei Wietze Numan. Wa is hy en wêrom wolle wy him fine? Arjan fertelt it yntrigearjende ferhaal oer syn kies.… Lês fierder

Han Nijdam: Midsiuwsk en Modern Muontsewurk

logo.ensafh

De stúdzje fan it Aldfrysk begjint lang om let nasjonaal en ynternasjonaal it omtinken te krijen dat it fertsjinnet. Ferline jier kaam in edysje plus Ingelske oersetting út fan de ynkunabel Freeska Landriucht, printe om sirka 1485 hinne en tagelyk de kolleksje klassyk Aldfrysk rjocht dy’t men de muoite wurdich fûn om te printsjen én it âldste boek yn it Frysk. De edysje is foar eltsenien te downloaden fia open access en dat is dan al in pear tûzen kear bard. It jier dêrfoar, yn 2022, waard de grutste kolleksje Aldfryske hânskriften, de Von Richthofenkolleksje dy’t yn Tresoar yn Ljouwert leit, opnommen yn it Unesco World Memory Register.… Lês fierder

Blog Cornelis van der Wal: Utjouwer Louw Dijkstra ‘Noch nea fan Hispel heard…’

logo.ensafh

,,Der binne no noch mar ien of twa útjouwers foar Fryske literatuer oer, DeRyp en de Afûk. Utjouwerij Louise, en iksels ek, we dogge mar in part yn it Frysk. By Noordboek is dat ek sa.’

De bêste man hat blykber noch nea fan Utjouwerij Hispel heard. Soks ropt twifels op oan de saakkundigens fan dizze útjouwer.

 

Lês fierder by Cornelis van der WalLês fierder

De beste romans van deze eeuw…

logo.ensafh

…volgens de New York Times. Deze Amerikaanse krant vroeg 503 romanschrijvers, non-fictieschrijvers, dichters, critici en andere boekenliefhebbers om te stemmen op de beste boeken dusver van deze eeuw. De krant over de lijst: “Velen van ons vinden het leuk om terug te kijken en de balans op te maken van ons leesleven. Daarom hebben we hier bij The New York Times Book Review besloten de eerste 25 jaar van deze eeuw te markeren met een ambitieus project: een eerste poging wagen om vast te stellen wat de belangrijkste, invloedrijke boeken van onze tijd zijn.”

Lês fierder by RecensiewebLês fierder

Kollum Gerard de Jong: Stok

logo.ensafh

’n Spandoek bij de ingang fan ’t dorp kondigde ‘t an: in de seumermaanden op elke sundegoffen ‘n ‘marché de terroir et artisanale’. De sundegsoffensmet is niks besonders in Frankryk, maar in elk dorpy weer unyk. Deuze waar fooral unyk fanwege syn beskaiden omfang. ’n Perzikdissy (fijf foor ’n euro), wat kraaltsyboel, ’n súkkelary-kraampy, ’n pottebakker en selsmaakte sjem.

Fansels wort d’r sundegsoffens bôl haald, maar deuze sundeg mocht d’r ok stimd worre in de tweede ronde fan de Frânse ferkiezings. As ekskús om ’n terrassy te pakken hewwe de Frânsen gyn ferkiezings norig, maar ’t kon gyn kwaad. D’r waar genog folk op ‘e lap.… Lês fierder

Arjan Hut: Pier Boorsma, dichter ûnder de dichters

logo.ensafh

Snein yn it keunstnersdoarp Asgaard sitte we yn mienskipsromte De Witte Wolk, mei in ploechje poëzyleafhawwers. In poëzypicknick. It waait en docht, goed dat we diskear net bûten foardrage. Ien fan de besikers is Pier Boorsma (1944). De dichter sit foaroan, hy is mei Sipke de Schiffart yn de auto kommen. Sipke sil foardrage, hy hat syn nije bondel mei. “Hy is noch net online te besetten, mar leit faaks al by de Afûk”, seit er. Pier draacht net foar, al hat er ek in nije bondel út. Dy krige in kreas besprek yn de Ensafh.

Lês fierder by GoeieLês fierder