Inger Wets: Toaniel gjin literatuer?

logo.ensafh

Is toaniel gjin literatuer? It antwurd is fansels: jawis, toaniel is ek literatuer. Soe it antwurd ‘nee’ wêze, dan soe bygelyks Shakespeare fan it toaniel ferdwine moatte. Untinkber!

Dochs hâldt de fraach my dwaande.
Soe it sa wêze kinne, dat it Frysk, tusken de noch altyd mear as twatûzen talen dy’t de wrâld telt, sa’n eigen plak ynnimt, dat toaniel ferballe wurde moat nei de fodkkoer fan it skreaune wurd?

Foar alles bestiet yn Fryslân omtinken: it ferskinen fan gedichten, romans, koarte ferhalen, lieten, oersettingen, en wat noch mear oan papier en skerm tafertroud wurde mei. Royaal omtinken sels. In prima saak!… Lês fierder

Aginda 06-03-2021: Oftraap Fryske Boekewike

logo.ensafh

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 is op sneontejûn 6 maart te folgen op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert.

Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. Fierder komme yn de telefyzjeútstjoering ferskate Fryske skriuwers oan it wurd, en is der in muzikaal optreden fan it duo Weima & van der Werf.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Q&A: 6 fragen oan Hilda Talsma, skriuwster fan it Frysk Kadoboek

logo.ensafh

De ôftraap fan de Fryske Boekewike wurdt sneon 6 maart om 20.00 oere útstjoerd by Omrop Fryslân op telefyzje. Haadgast fan de jûn is Hilda Talsma. De skriuwster skreau Lockdownleafde, it kadoboek fan de Fryske Boekewike 2021. Wat makket in Frysk boek no in góed Frysk boek? Wêrom is dy Fryske Boekewike wichtich en is it eins net gewoan in bytsje saai? Wy leinen de skriuwster seis fragen foar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Taalbewâld

logo.ensafh

Taal is in natoerprodukt. En sa moat it neffens my ek bewâlde wurde. En dus net tewâde. Alhoewol’t dat dei en wei al de wize is dêr’t wy mem natoer mei behannelje — wy plichtsje mei hoazzen en skuon oer har hinne te skonkjen [☹]

Wat ik krekt bedoel mei taalbewâld?

No, lit my begjinne mei te sizzen wat ik dêr net mei bedoel.
Ik bedoel der net mei, hoe’t Hollanners har taal sloere litte. Hollanners hâlde útferkeap; hja wannelje geef Hollânske wurden foar Ingelske. Wannel is hannel, sizze se, en hannel is wannel.

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Kollum Aant Mulder: Wappy, ús Fryske Loesje

logo.ensafh

De ynternasjonale memmetaledei is alwer âld nijs. Dy dei, ynsteld troch de UNESCO wie op snein 21 febrewaris. It is goed dat der sa omtinken foar memmetalen is, mar oft it folle seadden oan ‘e dyk set, dat betwivelje ik wolris. Dy memmetaledei waard foar de earste kear yn it jier 2000 holden mei as doel memmetalen yn eare te hâlden en om sa taalkundige en kulturele tradysjes fuortbestean te litten mei in protte omtinken foar meartaligens. It opskuor om it Bingaalsk hinne yn 1952 wie oanlieding ta it ynstellen fan dizze dei.

Lês fierder by It NijsLês fierder