Blog Sigrid Kingma: Febrewarisblog

logo.ensafh

Oant safier myn foarnimmen om faker te bloggen. Ik hie net betocht dat ik myn wurklaptop ynleverje moast. Om’t ik myn fêste kompjûter al in healjier net mear brûke koe, en wat sleau wie om him meitsje te litten, ha ik it in skoftsje sûnder dien. Los fan dat de mail hopeleas oprint, jout it mear rêst en tiid foar oare dingen. Gelokkich witte de echt nijsgjirrige saken my fia oare wegen te berikken. Sa ha ik ik hjoed in brief ferstjoerd, hast in gedicht klear foar in sticker en bin ik dwaande mei in Tomke. Bin benijd wa’t der noch mear skriuwe, en dat jildt foar alle trije niisneamde dingen.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Gewoan Frysk

logo.ensafh

Jawis, sa soe it moatte: Gewoan Frysk prate yn gewoane Fryske situaasjes. It liket sa maklik, mar likegoed is it fan en ta in hiel o-heden. Dat begjint al by de taal sels. Wat de iene gewoan Frysk fynt, fynt de oar Frysk mei te folle hollanismen. Wat de iene geef fynt, fynt de oare âldfrinzich. Dat giet net allinne oer de taal sa’t we dy prate, mar ek oer hoe’t we dy skriuwe. Guon brûke de offisjele stavering, oaren brûke eardere of eigen staveringen mei altyd goede arguminten, fine se sels.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: De grauwe himel fan Foudgum: omtinken foar Piet Paaltjens

logo.ensafh

Foar Johannes Keekstra steane 2021 en 2022 yn it teken fan François Haverschmidt (1835-1894), de dûnmy-dichter fan Ljouwert dy’t bekend waard ûnder de namme Piet Paaltjens. Yn novimber wol er in boek oer Haverschmidt klear hawwe: Onder Frieslands grauwe hemel. En yn 2022 moat der in teäterproduksje komme by de tsjerke fan Foudgum.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Willem Schoorstra: Oan Alzheimer is neat te fertsjinjen

logo.ensafh

Wy kamen derop troch in boek dat ik lêzen hie. Dat gie oer de rol fan de Friezen yn it ûntstean fan Ingelân. Hartstikke nijsgjirrich, en ik sei tsjin him dat soks ek krekt wat foar syn heit wêze soe, in Frysksinnich man dy’t syn wêzen en identiteit oeral en rûnom útdroech. ‘Oars wol’, sei er, ‘mar lêze sit der net mear yn. Hy ûnthâldt neat mear. Hy hat Alzheimer. De diagnoaze is krekt fêststeld, mar hy wurdt mei de wike minder.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Wrâldmienskip moat kommende tsien jier teset oer lytse talen

logo.ensafh

Fan takom jier ôf moatte alle lannen hurd oan it wurk om har autochtoane minderheidstalen har gerak te jaan. Dan begjint it ‘desennium fan de lânseigen talen’. Dat is in grut, wrâldomfiemjend projekt fan ‘e Feriene Naasjes.

In grut part fan ‘e talen dy’t op it stuit praat wurde, is faai. As der net folle mear dien wurdt om dy talen oerein te hâlden, is de helte derfan oer hûndert jier fuort. It belied dat lannen op it stuit fiere, docht gjin fertuten. Dêrom moat it roer om.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: It Dockumer Lokaeltsje wint Bernlefpriis 2020

logo.ensafh

De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. Dy priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. Fritz de Jong koe net oanwêzich wêze by it oerlangjen fan de priis.

De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. Oare nominearre kandidaten wiene it krossoverprogramma fan Liet, it duo Weima en Van der Werf en it ensemble Piiptsjilling.… Lês fierder