Teleks: Winner Bêste Frysktalige Redaksjestik 2023 is fan Diggelfjoer Wommels

logo.ensafh

Woansdei 6 maart wie de priisútrikking fan it Bêste Frysktalige Redaksjestik fan gemeente Súdwest-Fryslân. Elts jier ropt de gemeente doarpskranten yn Súdwest-Fryslân op om harren bêste Frysktalige stikken yn te stjoeren. Dêrmei kinne se in moaie jildpriis winne. De redaksje fan Diggelfjoer út Wommels hat it bêste Frysktalige stik skreaun fan 2023. Se winne dêrmei 300 euro. Op it twadde plak is de redaksje fan Diggelfjoer Fjouwer Doarpen (Rien, Itens, Hinnaard, Lytse Wierrum) eindige. Sy winne 200 euro.

Lês fierder by Groot SneekLês fierder

Teleks: Nederlânsk Berneboekewikegeskink 2024 ek yn it Frysk

logo.ensafh

It Nederlands Kinderboekenweekgeschenk 2024 ferskynt foar de twadde kear yn it Frysk. Pieter Koolwijk (1974) skriuwt it boek yn it Nederlânsk. Rymke Zijlstra is frege om de Frysktalige oersetting te fersoargjen.

It is de twadde kear dat it Nederlânsk Berneboekewikegeskink tagelyk yn it Frysk ferskynt. Yn 2022 ferskynde Waanzinnige boomhutverhalen (oarspronklik publisearre yn it Ingelsk) mei in Fryske oersetting fan Martsje de Jong ûnder de titel Healwize beamhutferhalen. Yn 2023 ferskynde der gjin Fryske oersetting, mar yn 2024 dus wol wer.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Abe de Vries: ‘Quatrebras’ as foarbyld? Oer moderne nostalgy nei it modernisme

logo.ensafh

Ik hie it alris tocht, it earst nei oanlieding fan in suggestje fan Pieter de Groot, dy’t him yn de LC (29 desimber 2023) ôffrege wêrom’t noait in Quatrebras-skriuwer de Gysbert takend krigen hat. En no klinkt sels in streekrjocht pleit yn it febrewarisnûmer fan De Moanne. In pleit, fan Bert Looper, om it tydskrift Quatrebras (1954-1968) mei weromwurkjende krêft te earjen troch it de Gysbert Japicxpriis ta te kennen. Fansels kin dat neffens de regleminten net. Wat ik tocht wie: de nostalgy slacht wer ta.

Lês fierder by Abe de VriesLês fierder

Hans Christian Andersen dreef zijn omgeving tot waanzin

logo.ensafh

Wist je dat Hans Christian Andersen Charles Dickens tot waanzin dreef tijdens een wekenlang bezoek, dat hij volgens een vast schema bij anderen dineerde en dat hij steenrijk was?

Maak kennis met de beroemde Deense dichter, die het liefst tenor wilde worden, maar – gelukkig voor ons – genoegen nam met sprookjes schrijven.

Lês en sjoch fierder by HistoriekLês fierder

Wer wat nijs! Mooglikheden foar Frysktalich krantenijs

logo.ensafh

It Frysk? Dan moatst yn Provinsje Fryslân wêze! Dêr binne sawol it Frysk as it Nederlânsk offisjele talen en binne de measte sprekkers fan it Frysk te finen (De Jong & Hoekstra, 2015; Wet Gebruik Friese Taal, 2014). It Frysk is lykwols ûnderdiel fan it folle gruttere Europeeske taalferskaat, mei’t it ien fan de 82 regionale talen of minderheidstalen fan 207 taalmienskippen dat erkend is ûnder it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (hjirnei: it Hânfêst), in ferdrach fan de Ried fan Europa (Council of Europe [CoE], 2024-a). Nei oanlieding fan it advys om Frysktalich krantenijs te stimulearjen mei de ratifikaasje fan in ekstra paragraaf yn it Hânfêst, wurdt der yn dit stik sjoen nei mooglikheden mei foarbylden út sawol Sweden as Noarwegen.… Lês fierder

Teleks: Gerrit Hiemstra skriuwt Grut Frysk Diktee oer de ympakt fan it klimaat

logo.ensafh

Op tiisdei 23 april sit de Steateseal fan it Provinsjehûs wer fol mei swittende minsken dy’t de dikteetekst fan it Grut Frysk Diktee sûnder flaters besykje te skriuwen. Waar- en klimaatsaakkundige Gerrit Hiemstra skriuwt dit jier de dikteetekst.
Ferline jier waard de tekst skreaun troch sjongeres Iris Kroes, doe gie it oer in bepaalde faze yn it libben. Dit jier weaget Gerrit Hiemstra him oan it skriuwen fan de dikteetekst dy’t gean sil oer de ympakt fan it klimaat.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder