Aginda 13-07-2024: Ferhalejûn Nijhuzum

logo.ensafh

Op sneon 13 july 2024 begjint om 19.30 oere yn de Nijhúzumer Tsjerke in smûke kulturele jûn. It programma befettet twa ûnderdielen: Ferhalen & Lietsjes. Foar de ferhalen op dizze jûn soarget de Warkumer waarman Klaas Ybema. Koartlyn ferskynde fan him it boek Bern op ‘e romte. Yn dit boek beskriuwt Ybema syn earste tolve jier op ‘Pankoeken’ in twatal pleatsen tusken Hichtum en Wytmarsum.

Lês fierder by Utjouwerij De RypLês fierder

Teleks: Skriuwersfakskoalle – start septimber 2024

logo.ensafh

Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 10 july en woansdei 11 septimber binne der fergees tagonklike yntroduksjelessen.

Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen.… Lês fierder

Latte foar it Frysk moat omheech!

logo.ensafh

Sneontemiddei 29 juny wie it safier. De Ried fan de Fryske Beweging – sûnt koart ‘De Fryske Beweging’ – hold yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert syn earste ‘bewegingsdei’. Op Goeie.frl is dêr ferslach fan dien. Ik wol my beheine ta de nijsgjirrige bydrage fan it Steatekomitee Frysk op dy middei. Om mei it goede nijs te begjinnen: it komitee fynt dat de tiid der ryp foar is om de latte foar it Frysk heger te lizzen. Dat hie ik al lêzen yn it ferslach fan in Provinsjale Steategearkomste fan desimber 2023.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Blog Asing Walthaus: De schriftjes van Wim Hazeu

logo.ensafh

,,Hij lijkt goed”, oordeelde Wim Hazeu, nadat hij het doek voor de plaquette van Slauerhoff op Vlieland had weggetrokken. ,,Veel beter dan die in Leeuwarden, want die lijkt helemaal niet.” Ben van der Geest, de maker van zowel het beeld in Leeuwarden als deze op Vlieland, stond ernaast.

Ik weet nog dat ik de zondag van die onthulling, in 1998, veel te vroeg op Vlieland was. Hazeu, de biograaf van Slauerhoff, was ook te vroeg, dus hebben we wat op en neer gelopen over de Waddendijk. Heel genoeglijk.

Lês en sjoch fierder by Asing WalthausLês fierder

Diet Huber – te mâl foar ien wrâld

logo.ensafh

Diet Huber wie yn wêzen har eigen biograaf en argivaris. Net allinnich bewarre se alles dêr’t har namme op stie, mar se soarge aktyf foar in neilittenskip troch oeral har ferhaal te fertellen. By har libben hat se ferskate tentoanstellingen mei ynrjochte, organisearre en bywenne om har libbensferhaal oan it publyk sjen te litten. Prachtich materiaal mei alle puzelstikjes kompleet, dat my as ‘gearstaller’ fan har biografy op in presintearbledsje oanbean wurdt.

Opmerklik, want it foarwurk foar in biografy is min ofte mear al foar my dien. Se ferwachte dat immen it oppakke soe en hat dêr sels alfêst in ynfolling oan jûn.… Lês fierder

Joep van Ruiten: Meer regionale spreiding van cultuurgelden? In Drenthe en Groningen zie ik het nauwelijks

logo.ensafh

Woensdag was een spannende dag voor de cultuursector in Nederland. Met paar drukken op de knop maakten zes fondsen plus de Raad voor Cultuur bekend welke gezelschappen en instellingen wat hen betreft steun verdienen voor komende jaren.

Als een bezetene probeerde ik, samen met collega’s, in beeld te krijgen wat dat voor Drenthe, Friesland en Groningen betekent. In mijn geval luisterde ik eerst naar de uitleg van Raad voor Cultuur-voorzitter Kristel Baele, spitte haar adviezen door en las vervolgens de besluiten van het Fonds Podiumkunsten, het Fonds voor Cultuurparticipatie, het Mondriaan Fonds, het Letterenfonds, het Filmfonds en Stimuleringsfonds Creatieve Industrie.

Nog meer bezeten ging ik daarna appen en bellen met winnaars en verliezers.… Lês fierder

Prate yn de tredde persoan

logo.ensafh

 

Mem. Wol mem, as it mem útkomt, efkes neitinke oer wêr’t mem myn redens opburgen hat, mem? MEM?

Friezen brûke faak de tredde persoan by it oansprekken fan minsken binnen de famylje. Se sizze bygelyks: ‘Wol heit dat foar my dwaan?’ Soms wurde ek de buorman of buorfrou of dosinten op dy manier oansprutsen. It giet om in yndirekte oansprekfoarm. Troch te sizzen: ‘Kin buorman de doar iependwaan?’ giest it brûken fan ‘do’ of ‘jo’ út ’e wei. Mar faak is it ek in teken fan hoflikheid.

Lês fierder by Heit & MemLês fierder