Alles is hjir op trochreis
Presintaasje dichtbondel Abel Oostra
Op sneontemiddei 22 juny wurdt it dichtwurk fan Abel Oostra (Weidum, 1941 – Wytmarsum, 2022) presintearre. Abel Oostra skreau syn libben lang gedichten yn it Frysk, mar publisearre eins nea. Doe’t Godelieve Kok in pear jier lyn oan dichter Syds Wiersma frege oft er de manuskripten fan har ferstoarne man ris besjen woe, kaam de dichter Abel Oostra foar it ljocht. No leit der in prachtige bondel útjûn troch Utjouwerij Louise, mei in seleksje út syn poëzij en út de oersettings dy’t er fan in oantal Spaanske en Sjineeske dichters makke hat.… Lês fierder