Jelle van der Meulen: Boekpresintaasje yn Skettens

logo.ensafh

Goed sân jier wenje ik no yn Koudum, yn de gemeente Súdwest-Fryslân en ik ha al hiel wat fan dy kwa oerflakte grutste gemeente fan Nederlân sjoen. Mar yn Skettens kaam ik noch net, oant sneon 8 juny. Doe fûn dêr de boekpresintaasje plak fan it Fryske ferhaleboek Bern op ‘e romte fan Klaas Ybema. Klaas learde ik in jier lyn kennen. Ik fytste him yn Warkum foarby, flakby it hûs fan Hille Faber mei wa ‘t ik tegearre Utjouwerij DeRyp foarm. Doe ‘t ik ôfstapt wie, kaam ek dy man dy ‘t ik foarbyriden wie en sawat krekt sok lang en wyt hier hat as ik, it hiem opriden.… Lês fierder

Henk te Biesebeek mei pensjoen: “In ferhearde taskôger yn in woeilige wrâld”

logo.ensafh

Nei hast 35 jier nimt Henk te Biesebeek (67) ôfskied fan Omrop Fryslân. As programmamakker, resinsint en foaral as ferslachjouwer wie hy wend om fragen te stellen oan oaren. En no freget er him ôf wa’t er sels is.
Te Biesebeek kaam by Omrop Fryslân troch syn kabaretfoarstelling mei Geart Gratama, de soan fan Rients Gratama. Se mochten harren lieten bringe yn it kultuerprogramma De Koperen Tún op de radio.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Jaap Slager: Beppe Gatske

logo.ensafh

– Ik in behâldsman wat it Frysk oanbelanget?
– Jaap is frijwat âldfrinzich yn syn wurdkar en dêrom wurdt er neffens my net lêzen.
– Man, ik skriuw net om lêzen te wurden… mar om’t ik it net litte kin! As Jan dêr in pil foar hat… jou my him!
– As ik dêr in pil foar hie, dan krige Jaap him net! Nee, mar Jaap soe syn taalgebrûk dochs wol wat oanpasse kinne oan wat op it heden gongber is?

Lês fierder by Jaap SlagerLês fierder

Blog Johan Veenstra: Hunning en kossen

logo.ensafh

An et begin van de middag he’k op ‘e fiets naor aachterneve en iemker Piet in Wolvege west om weer acht potten hunning op te haelen. Ik neme altied verschillende soorten mit: koolzaod, bloemen, liendeblossem… Ik bruke een protte hunning, ok deur de thee. Piet hadde nog een mooie en lekkere tip. Zien moeder dee eertieds een dun laogien hunning op een beschuut, leut dat d’r vervolgens even intrekken, dan kwammen d’r plakkies erebeie op en daor weer een peer druppen hunning over. Ik hebbe et vandemiddag drekt uutperbeerd.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: petysje tsjin de besunigingen op it Frysk

logo.ensafh

Deputearre Steaten wolle flink besunigje op organisaasjes lykas Omrop Fryslân, de Afûk en Mercator. Dizze moanne hawwe wy kâns om de besunigingen tsjin te hâlden fia Provinsjale Steaten. Do helpst dochs ek?

De provinsje sil op 19 juny beslute oer de taalnota ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn. Dy kinne it Frysk foarút helpe. Mar deputearre steaten hawwe it jild der net foar oer. Se wolle sels besunigje. Dêrtroch steane de ambysjes faai.

Wat kinsto dwaan?
De Ried fan de Fryske Beweging hat in petysje opsteld. Dy kinst ûndertekenje. Sa makkest dúdlik datst it net iens bist mei dy plannen.… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra: Refleksjes fan de Skriuwersarke

logo.ensafh

“De algen groeie hurd”, seit de man dy’t by It Fryske Gea wurket. Ik sit noch hieltyd yn de skriuwersarke op de Feanhoop. Ien kear yn ’e wike komme de frijwilligers fan It Fryske Gea op besite.
De griene bollen ûnder wetter binne algen, lear ik. Ik wist net hoe’t se hjitten. Se sjogge der sêft út. Troch de dei hinne ûntdek ik in foar my hiel nij libben ûnder wetter, lykas in lytse snoek dy’t der útsjocht as in tûke en like ûnbeweechlik is.
De sinne skynt blykber ek ûnder wetter. Hy ljochtet de algen op. In rivierkreeft genietet fan it sintsje, dwaalt oer de algen oant er dy as in gerdyn iepenet en it toaniel ferlit.… Lês fierder

Teleks: Meldpunt SchrijversVeilig

logo.ensafh

Sinds afgelopen maandag is het platform SchrijversVeilig van start. Doel van het platform is de positie van schrijvers die bedreigd of geïntimideerd worden te versterken. Zij kunnen bij SchrijversVeilig incidenten melden, advies inwinnen en ondersteuning krijgen na een incident. SchrijversVeilig is een initiatief van de Auteursbond, de Groep Algemene Uitgevers en het ministerie van OCW. Het platform maakt gebruik van de expertise en middelen van het in 2019 gestart PersVeilig voor journalisten.

Lês fierder by RecensiewebLês fierder