Blog Johan Veenstra: Tietelosies

logo.ensafh

Tussen de bujjen deur he’k vandemorgen 80 tietelosies op et karkhof plaant. Krek doe ‘k daormit an de gang was, vleug d’r een koppeltien gakkende gaanzen over me henne. Was dat een teken van mien moeder dat ze mooi vun wat a’k an ’t doen was? Of wor ik now te zweverig? Wat zicht et karkhof in Ni’jhooltpae d’r trouwens mal en onverzorgd uut. Dat was vroeger hiel wat beter. Moet dit zo mal? Veerder he’k vandaege verhaelen rippeteerd veur et optreden van morgen in et Buurthuus van Noordwoolde. En vanaovend kommen de kiender mit de lampions an de deure!

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Soad lof en Fryske Anjer foar Hylke Speerstra: “Ik bin in gelokkich man”

logo.ensafh

Skriuwer Hylke Speerstra krige freedtejûn de Fryske Anjer útrikke foar syn bydrage oan de Fryske kultuer. Anne-Goaitske Breteler waard beleane mei de talintpriis.

“Ik moat noch even wer mei beide fuotten op de grûn komme. Hjir stiet in gelokkich man”, sei Speerstra nei de útrikking.

De Fryske Anjer wurdt alle jierren takend oan in persoan of in organisaasje dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de Fryske kultuer of natuer. Ien fan de bekendste wurken fan Speerstra is It wrede paradys út 1999, in boek mei libbensferhalen fan Friezen dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch nei it bûtenlân emigrearren.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Skriuwers dûnsje net

logo.ensafh

In dûnsworkshop! Dat hie in goed idee west as ynfolling fan it boekefeest. De lokaasje wie der perfekt foar en dat hie ek in natuerlike oergong nei de muzyk west. Kinst ommers net samar tsjin in groepke skriuwers sizze: en no sille we dûnsje! Skriuwers dûnsje net. Alteast net op kommando. Sels net nei oantrúnjen, bin ik yntiid achter. Ik ha alle oanwêzige manlju en ferskate froulju frege. Wat miste ik Jouke. Etikette by dûnsjen is datst net wegerje meist ast frege wurdst. Dat wit blykber net elkenien.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder