Skonken, poepsekjes en earbetoan op lêste evenemint Kingma as DfF

logo.ensafh

 

Mei in nije hoed op en in fleurich sin iepenet Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma tongersdeitemiddei It grut Dichtersbarren op it Aldehouster Tsjerkhôf te Ljouwert. Op it waaierige plein kinne minsken harkje nei foardrachten en oanskowe by ien fan de tafeldichters. Keunstner Erik de Boer skilderet derby en jûns is fierderop, yn Tresoar, in Literêr Kafee.

M.G. NUNEZ-PRINSEN “Jim meie der wol bykomme hear, op de tribune, of sko oars oan by ien fan de tafeltsjes,” wiist Sigrid Kingma, no hast oan de ein fan har termyn as DfF. Dit is it lêste evenemint dy se yn funksje organisearret. Fierderop steane twa senioaren al in skoftke nei it barren te sjen, mar se doare net en kom tichterby.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Dichterskafee

logo.ensafh

Ik bak in cake. Mei gember, apel, citroenskyl en spekulaaskrûden. It rûkt al hjerstich yn ’e hûs. Dy nim ik jûn mei yn in stoffen taske dêr’t in gedicht op stiet. Yn dat taske sitte dichtbondels. Dy rûke dan nei cake. Gabriëlle nimt tamme (nuete?) kastanjes foar my mei. Faaks kin ik der wol ien plantsje sadat ik sels in beam krij.

Alles is mooglik, want jûn is it Dichterskafee. De Gouden Leeuw yn Tresoar is om 19:00 oere iepen foar alle literêre útspattingen. Elk is wolkom. Kom del foar in praatsje, nim dyn bondels mei om te ruiljen, te dielen, te bepraten, dyn nijste pinnefruchten om te redigearjen.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Boat drinks!

logo.ensafh

Bilkert-om-ferens Cees Krottje gâf twee weken leden ’n presintasy op ’t jaarlikse Streektaalkôngres fan de Stichting Nederlandse Dialecten, dat ik as bestuurslid tegaar met ânderen na Franeker haald had.

‘n Puike presintasy over de kommende digitale ferzy fan ‘t Bildts Woordeboek en woordelisten, der’t wij baidegaar met anneks binne. Cees sloat syn presintasy ôf met ‘t welbekinde plaatsy fan Leonardo DiCaprio út Wolf of Wall Street , die’t ‘t glâs heft: ‘Proost!’

Temînsen, dat souwen je sêge, maar de ontnuchterende – rôndút beskamende – waarhyd is dat ‘t Bildts gyn aigen woord foor ‘proost’ het.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Kollum Froukje Sijtsma: Nynke set de tosken yn it Frysk

logo.ensafh

Provinsje Fryslân moat mear jild pompe yn de Fryske literatuer. Dat fynt it Skriuwersboun, in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei, dy’t it literêre klimaat fan Fryslân befoarderje wol. Der moat neffens it bûn mear dien wurde om it Frysk lêzen en skriuwen te stimulearjen.
Der falt fan alles te sizzen oer hoe’t je sokke útdagingen yn it literêre klimaat yn Fryslân oanfleane moatte. Wat yn alle gefallen wis is, is dat der kampanje nedich is om boeken ûnder de oandacht te bringen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder