Kollum Froukje Sijtsma: Nynke set de tosken yn it Frysk

logo.ensafh

Provinsje Fryslân moat mear jild pompe yn de Fryske literatuer. Dat fynt it Skriuwersboun, in feriening fan skriuwers en dichters yn en út Fryslân wei, dy’t it literêre klimaat fan Fryslân befoarderje wol. Der moat neffens it bûn mear dien wurde om it Frysk lêzen en skriuwen te stimulearjen.
Der falt fan alles te sizzen oer hoe’t je sokke útdagingen yn it literêre klimaat yn Fryslân oanfleane moatte. Wat yn alle gefallen wis is, is dat der kampanje nedich is om boeken ûnder de oandacht te bringen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: 32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

logo.ensafh

Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature Utsteld gelok: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje te meitsjen foar in bondel. Op tongersdei 5 oktober oerlanget Pröpper it earste eksimplaar fan sawol de Nederlânsktalige as de Frysktalige blomlêzing oan Ljouwerter boargemaster Buma. De bondels binne dêrnei te keap yn de boekhannel.

Lês fierder by Ljouwert UNESCO City of LiteratureLês fierder

Teleks: Provinsje kiest foar rêst yn it kulturele fjild en ferlingt alle kultuersubsydzjes mei in jier

logo.ensafh

De provinsje ferlinget mei in jier de subsydzje foar 36 kulturele organisaasjes yn Fryslân. De subsydzjeregeling rint ein takom jier ôf, mar kulturele organisaasjes kinne foar it jier dêrnei in oanfraach dwaan foar itselde subsydzjebedrach.
Mei-inoar giet it om sa’n 9,5 miljoen euro en dêrfan is 4 miljoen bedoeld foar de gruttere Fryske musea. De rest fan it jild giet nei in grut ferskaat oan kulturele organisaasjes lykas Tryater, Film in Friesland, Oerol, dûnsselskip Ivgi & Greben en Opera Spanga.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder