Teleks: Oantal âlde Fryske blêden digitalisearre: fan lânbou oant arbeidersstriid

logo.ensafh

De Koninklijke Bibliotheek hat in grut oantal tydskriften digitaal beskikber makke op de webside Delpher. By de nije útwreiding sit ek in flink oantal Fryske blêden.
Sa binne der mear as 1.800 edysjes online te finen fan it ‘Friesch Landbouwblad’ tusken 1920 en 1960. Dit tydskrift wie it offisjele orgaan fan de Friesche Maatschappij van Landbouw. It wie in wichtich blêd foar de agaryske sektor yn Fryslân.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Abe de Vries: De delgong fan de i-Moanne

logo.ensafh

Tongersdei 28 septimber. Ik rin nei wat der op de webside fan de Moanne te rêden is. Yn de fan lofts nei rjochts rinnende banner boppe oan de side kom ik tsjin:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Sytze de Haas út Warkum de Lytse Gysbert krijt. * In resinsje fan de Fryske oersetting, út 2016, fan Bomans syn Erik of it lyts ynsekteboek. * In Nederlânske tekst fan Huub Mous oer de ferbylding fan it Fryske lânskip. * In koart stikje reklame foar de podcast fan ‘Anita en Ritsko’. * In koart stikje reklame foar de kursus Poëzij lêze mei Arjan Hut.… Lês fierder

Teleks: Ljouwert siket Stedsdichter

logo.ensafh

De gemeente Ljouwert is foar de kommende twa jier op syk nei in Stedsdichter foar de stêd en de 35 doarpen. Entûsjaste wurdkeunstners kinne har dêr oant 15 novimber foar oanmelde fia www.leeuwarden.nl/stadsdichter. De Stedsdichter skriuwt alle jierren in tal wurdkeunsten foar Ljouwert en sil dy foardrage yn de perioade fan 2024 oant 2026.

De rol fan de Stedsdichter
“Net allinnich wie Ljouwert yn 2018 de Kulturele Haadstêd fan Europa, mar sûnt ein 2019 is de stêd de grutske drager fan de titel UNESCO City of Literature. Us stêd, tegearre mei har doarpen, fertsjinnet in eigen Stedsdichter”, sa seit wethâlder Hein Kuiken.… Lês fierder

Teleks: Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske polityk

logo.ensafh

It Skriuwersbûn hat Deputearre Steaten in brief skreaun. It Bûn wol oerlis oer de takomst fan de Fryske skriuwerij en de ferantwurdlikheid dy’t de provinsjale polityk dêrfoar hat.

Tusken de provinsjale politisy en de literatuer gappet in kleau, skriuwt it Bûn. De polityk is ûnferskillich, wylst foar it behâld fan it Frysk in libbene literatuer needsaak is. “In taal dêr’t net yn lêzen wurdt, sil it op ’n djoer net rêde”. Yn de ôfrûne fyftjin jier is de ynfrastruktuer, bedoeld om it Fryske lêzen en skriuwen te stimulearjen, neffens it Bûn “dramatysk minder wurden”. Benammen Tresoar docht folle minder foar de Fryske literatuer as yn earder jierren.… Lês fierder

Aginda 18-10-2023: Boekpresintaasje ‘Ienenfjirtich dingen’ fan Carsten René Nielsen

logo.ensafh

Boekpresintaasje Ienenfjirtich dingen fan Carsten René Nielsen

Op 18 oktober wurdt de Fryske oersetting fan Carsten René Nielsen syn nijste proazagedichtebondel Ienenfjirtich dingen (Utjouwerij Hispel) presintearre yn kafee De Gouden Leeuw yn Ljouwert.
Nielsen is in bekende yn Fryslân, mei’t er yn 2018 yn it Kulturele Haadstêdjier Ljouwert oandie en yn 2021 mei de boekpresintaasje fan de blomlêzing Oar hûs / Et andet hus (Utjouwerij Hispel) hat er mei oare Deenske dichters yn Ljouwert en Harns optreden. Syn fans hawwe der efkes op wachtsje moatten, mar no leit dêr de bondel Ienenfjirtich dingen, oersetten troch Geart Tigchelaar.
Op 18 oktober is de boekpresintaasje.… Lês fierder