No, as ik it dan leaver net mear oer de dea hawwe mei, dan mar oer in oare boech wat fierder sjoen. Wat betsjut tiid fan libben as wy de grinzen foarby tinke? Dizze dagen kom ik dan moai út by Louis Leroy. Sjochst him noch fytsen?
Op syn swarte Fongers mei wapperjende jas en ivich alpinomûtske, op wei nei myn middelbere skoalle oare kant it Hearrenfean, dan wol de oare kant út, troch it Wâld rjochting Ketlik nei Mildaam om dêr by moai én min waar fierder te arbeidzjen oan syn ecokatedraal oan de IJntzeleane. Op wei nei de Albertine Agnesskoalle yn it Wâld kamen wy minstens twa kear lâns syn hûs op ’e hoeke fan de Heideleane, dat wenninkje datst meidertiid fan foaren noch fan siden amper mear ûnderskiede koest tusken it beamtegrien en de selssteapele muorkes mei rûchte op manshichte.… Lês fierder