Blog Jaap Slager: Endemolsk (1)

logo.ensafh

F: Wêrom skriuwt Jaap eigentlik yn it Frysk, as Jaap foar syn deistich wurk yn oare talen skriuwt – meast yn it Nederlânsk?

A: Dat lêste wurd fljucht my de kop fuort al fan op oranje.

F: Hoesa dat?

A: Jan bedoelt dat ik foar myn wurk meast yn it Hollânsk skriuw. Dy taal is allinnich om histoaryske redens, dêr’t ik no fierder net op yngean sil, de lingua franca yn ’e Nederlannen wurden, oftewol de ‘brêge’ tusken in ferskaat oan Nederlânske talen yn it gebiet by de Fryske See lâns.

F: Mar… dan is Frysk neffens Jaap dus ek in Nederlânske taal?… Lês fierder

Aginda 05-10-2023: Dichtersbarren Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Op tongersdei 5 oktober organisearret de Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, fan 16:00 oere ôf in feestlik Dichtersbarren mei poëzy yn ferskate foarmen en kombinaasjes. Jûns, fan 19.00 oere ôf iepenet it Dichterskafee yn De Gouden Leeuw yn Tresoar. De tagong foar alle ûnderdielen is fergees en elk is fan herte wolkom.

It Dichtersbarren start middeis op it Aldehouster tsjerkhôf by OBE mei û.o. ‘taffeltsjedichtsje’ mei Arjan Hut, Christa Niklewicz, Syds Wiersma en Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân, skilderje op foardrachten mei Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Cornelis van der Wal, Elmar Kuiper, Martsje de Jong, Edwin de Groot en Sigrid Kingma en der is poëtyske muzyk fan Immen.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Spin

logo.ensafh

Hij intrigeert mij, die spin. Soa’t ’t metronetwerk in Parys mij intrigeert, der’t wij twee weken leden waren en ik soawat smolt, bij 35 graden. Na ‘n hellenacht – ik besturf ‘t in de airco -loaze kamer fan 37 graden, maar worde ‘t aardse weer inslingerd deur ‘t false brândalarm om ses uur offens – ferhuusden wij fan hotel. Note to self : elk ferbliif besúdden de Blikfaart tena mét airco boeke …

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder

Over biografieën

logo.ensafh

Wat moeten biografieën zijn? En hoe past de lang verwachte biografie van een van onze grootste dichters erin? Een biografie moet leesbaar zijn, je moet hem in één adem uitlezen. Objectieve feiten zijn uiteraard de ruggengraat, maar het verhaal moet je dit leven inzuigen. In november verschijnt de biografie ‘De dichter Martinus Nijhoff’. Hans Franse kan bijna niet wachten.

Lês fierder by MeanderLês fierder

Aginda 24-09-2023: Douwe Kootstra oer Gerben Rypma

logo.ensafh

Douwe Kootstra oer it libben fan de boer, dichter en skilder Gerben Rypma

In hiel bysûnder man, dat wie Gerben Rypma (1878-1963). De Einzelgänger en boerefeint út it lege lân om de Aldegeaster Brekken hinne krige yn Fryslân bekendheid as skilder en folksdichter. Hy tekene, as autodidakt, op masterlike wize portretten, bisten en lânskippen. As folksdichter besong er jierrenlang foaral it gea wêr’t er libbe.

En hy betocht mar leafst 453 ‘siedkerlen’, selsbetochte sprekwurden dêr’t út bliken docht dat de as heremyt libjende Rypma in skerp each hie foar de natoer en de minske.

Ferteller en skriuwer Douwe Kootstra bringt yn in programma fan sa likernôch in oere op meinimmende wize de libbensfeiten fan dy singeliere keunstner út de wide, ûneinige flakte achter Greonterp.… Lês fierder