Teleks: Nij online platfoarm foar Fryske taal- en letterkunde: Frisistyk.nl

logo.ensafh

De Fryske Akademy en de redaksje fan Neerlandistiek.nl kundigje de lansearring oan fan Frisistyk.nl, in nij online tydskrift wijd oan Fryske taal- en letterkunde. It wurdt in útwreiding fan it suksesfolle Neerlandistiek.nl, in website dy’t it midden hâldt tusken in wittenskiplik tydskrift en in kenniswebsite foar in lekepublyk. Frisistyk.nl giet op 6 oktober live en sil njonken algemiene stikken oer Fryske taalkunde, skiednis en letterkunde ek romte biede oan ûnderwerpen lykas Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied en oan de taal- en letterkunde fan de oare Fryske talen lykas it Noardfrysk en Sealterfrysk.

Grut berik

De ôfrûne jierren ferskynden al regelmjittich stikken oer it Frysk of Fryslân op Neerlandistiek.nl,… Lês fierder

Teleks: Siart Smit hâldt op as direkteur fan Oerol: “Het was een pittige periode”

logo.ensafh

Nei fiif jier hâldt Siart Smit op as algemien direkteur fan Oerol. Smit seit dat it foar himsels en foar it festival better is as der no in oare direkteur komt.
It wie in pittige perioade, seit Smit. Yn de fiif jier dat hy ferantwurdlik wie foar Oerol, is it festival op Skylge twa kear net trochgien fanwegen corona, en ferstoar oprjochter Joop Mulder.
Yn de tiid dat hy der siet, is de organisaasje bot feroare, seit Smit. De minsken binne jonger wurden. En de ynhâldlike koers fan it festival is ferlein: duorsumens is no belangriker wurden.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Kollum Henk van der Veer: Bleekneuzen & GBR

logo.ensafh

Ut begon al an board fan ‘e Monnik, de fearboat naar Skiermonnikooch, op frijdachmòrren bier met oalybollen. Mut kanne in ‘e somer.
De sfear sat der futdaleks goëd in. ONS Old Skool op stap, elk jaar wear un feestje, wêrfan’t ik ut adagium ‘alles wat op Skier gebeurt, bliëft op Skier’ respektear. Gyn diskussy mogelek.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder