Fersen
Berte fan in heugenis
Oere en tiid hâld ik yn eigen hân
Lit waarme wyn út ’e easthoek’ waaie
Triuw wolkeskaden nei it ljocht werom
Stek draken nei de kroan oant sturten swaaie
Dan bisto de keninginne fan de simmer
Mei paazjeflinters ûnder azueren loften
In harmelingen mantel kinsto wol sûnder
Gjin skepter mei gesach, do bist
Myn eigen Heecheid boppe op it helmdún
It fuotfolk jubelet op it skulpestrân
Mei royale glimk wiuwsto werom
Yn in wink glydt de simmer troch de dagen
It blau jout lang om let belies
Wyn wer baas oer strân en weagen
Honkfêst wiest nea; woelich as in aaisiik hin,
Lôgjend dyn langst nei ûnbekende oarden
Dyn gean wie net te kearen, mar al nei dizze simmer..?… Lês fierder
ganesha
I
it byldsje hat yn ’e tún it moaiste stee
ik woe de betonnen oaljefant yn ’t sicht
god ganesha der by hawwe is in pree
foar it skriuwen fan in ferhaal in gedicht
II
yn ganesha ha ek ik myn godheid fûn
heit shiva sloech him de holle ôf de gek
it bern waard in oaljefanteholle jûn
mei him foar my meitsje ik no myn bestek
III
parvati woe graach ris baaie yn ’e mar
soan ganesha bewekke it paad nei har
shiva nei jierren fan hûs wer thúskaam
hy de jonge poerlilk de holle ûntnaam
IV
de mem yn triennen shiva syn rie te’n ein
in berneholle nimme gong him te mâl
in oaljefantsje waard gau de kop ôfslein
by parvati koe doe wer de laits fan stâl
Swanneflok
tún
I
in fûgel yn ’e flecht it absolute
it spesifike is dat ik der nei sjoch
in griente- en blommetún it ivige
it fergonklike dat wat ik der mei doch
II
yn ’e tún ûnder de nachthimel toevje
my fludds wurd en kiefers keunst yn ’t sin bringe
hûnsstjer en hûnsblêd oaninoar skroevje
de myte mei in goed glês wyn byminge
III
ik bin gjin lânbouwer yn in himpen kleed
mar wol ien dy’t giet foar it wurk op ’e tún
mei in glês wyn yn ’e hân laitsje ik breed
mar foar spitskoal blaast myn siel de bazún
IV
op ’e tún wurkje is iten foar myn liif
lêze yn liezi jout oan myn geast syn krêft
as ik op ’e tún stean krijt myn holle rêst
yn it boek lêze is myn liif ta geriif… Lês fierder
By in koalemyn
Huuuuhh
seit de jonge yn de rolstoel
syn heit fuorret him in iisko
wat soe sa’n jonge tinke
wat binne we fijn fuort heit
ik woe dat ik dy sizze koe
hoe heech at myn need is
aanst rint de giele miich
my by de skonken del
it is in waarm gefoel
mar nei in skoft begjint it
te jûkjen en te stjonken
fielt it kâlder
as it sitroeniis
datst my mei lytse leppels
ynjitst tige dankewol hear
of soe er filosofearje
dat de ierde om de sinne draait
it ljocht yn in spektrum te skieden is
raande iiskodrippen falle troch swiertekrêft
enerzjy en massa itselde binne
of dat it hyt is ûnder de tekken
de jonge mâlbeart wakker
syn heit seit
dat hy genietet
Huuuuhh seit de jonge nochris
as woe er eat dúdlik meitsje
sjoch dêr rint in swarte kat
ik tink dat it in dichter is… Lês fierder