Catharina Lautenbach

Leech

logo.ensafh

 

 

 

Ik sjoch dy rinnen op ’e dyk
Tsjuster tsjin de lege loft

It waait troch dy hinne
En fûgels nimme besit fan dy

Dû kenst my net wylst ik
Yn dy as in fûgel bin

Dwylsinnich
Longerje nei dyn loft

Lokjend leaf ha
Lang en tear

Krekt skuort in wynpûst
In kriezende flecht seefûgels útinoar

Astû ôfwêzich seist
leafste

Ik slach stikken tsjin de dyk
Besmodzje balstiennen

Wylstû gewoan
Fierder rinst… Lês fierder

Sipke de Schiffart

foarút

logo.ensafh

 

 

 

foarút

wol of net jin faksinearje litte tsjin koroana?
ast it dochst, kinst deagean oan it faksin,
dochst it net, dan kinst stjerre oan it firus

witst it noait: giest op de fyts nei Dokkum
en wurdst oanriden, dan tinkst, swierferwûne
yn de berm, foardatst weirekkest:
hie ik de auto mar nommen!

mar wiest mei de auto nei Dokkum riden
en tsjin in beam oan botst,
dan hiest tocht, foardatst beswyktest:
wie ik mar op de fyts gien!

dit moat Kierkegaard bedoeld ha
doe’t er skreau dat it libben
inkeld achterút begrepen wurde kin

 

 

 … Lês fierder

Geart Tigchelaar

frij spul

logo.ensafh

 

 

 

 

frij spul

I

de wyn hat frij spul
seist it is net de wyn
mar de geast dy’t frij waret
rattelet nachts oan skoattels
kriget nearne útfanhûzersplak
al stiet er by elke homeie
op wacht
seit moarns fatsoenlik goedei
stapt yn syn golfke en blaast
rjochting eachein oftewol
alles súd fan dokkum

II

de see hat frij spul
seist it is net de see
mar it hert dat opkomt
him weromlûkt
by skimertsjuster opwâlet
en mei krêft him wart tsjin
dyk en ferbod
wer fuortebbet in laachje
slyk en wat los sân
ûnder dyn learzens
is dêr’tst it mei dwaan moatst

III

it grien hat frij spul
seist it is net it grien
mar de siel dy’t widzet
yn alle wynstreken
oars net as rûzje
licht weagje mar nea
fan ’t plak dêr’tst de lodde
yn ’e klaai setst hearst
in gjalp djipper
dolt it net
fierder is der neat dat rikt… Lês fierder