foar de alfde jirdei freegje ik in koltrui
dan sjochst de strimen net fan it tou
de sisel klapt om de frêle jongesnekke
as er fan de hikke springt yn ‘t nije hok
wat in gelok & wat in rare skok brekke
him de lea & behâlde syn geast & siel
& mem seit er ta dat er it nea wer docht
noch dwaan sil wannear dan ek, wier
Hiske de kat is oan it stjerren, se leit
mei de kop it hok út, mei de snút der út
& ferweecht in spastysk smoarch poatsje
se hat foar wat lucht de lêste sike socht
se kin net skjin bliuwe mei in sloppe tonge
ik bin by dy moaie, leave & snoade kat… Lês fierder