Remco Kuiper

By de himel op

logo.ensafh

 

 

 

Heit sei: Ik soe noch sa graach ris in ljurkje hearre wolle, dy’t
heech sjongend oan ’e iepen loft nei de grûn ta falt en dêr in
plakje fynt yn krûdich gers, jim witte wol. Dat moast altyd wêze, dat
wy yn ’e auto – hy foaryn – de stoel wat efteroer, ridendewei op nei de
Warkumerwaard, mei it each en ear op skerp, dêrnei gau troch nei Skrok
en Skrins, it rút krekt sa’n bytsje op ’e skreef. Heit wie wurch, wat
mislik ek, in pear wurden waarden wiksele. It ljurkje fûnen wy net.
Op ’e weromreis moast er spuie, dat wy yn ’e berm, de motor stasjonêr,
de doar heal iepen, in pûde foar de greep, mar syn geast klom al by
de himel op, wy swijende werom, sykjende yn Google’s soundbites.… Lês fierder

Anne Feddema

Spermatopsida

logo.ensafh

 

 

 

 

Blêdwalhalla
Ein augustustún
Dûnsjend ljocht
Tis no tee
Taksonomytiid

Dat ik hjir no noflik sit
Linnaeus’ eigen
Túnkabouter
Op stoel en stove
Sicht op soarten
Skientmeskamte

Hast hjerst dêrnei
Winter op ’en paad
Floara komt hjir
Lykwols noch
Alle dagen
Triuwket wijde ierde
Tutet kleur

Geile grûn

Lêste stûpen
Sweltsjeblom
Sjit sied oer
Fiif meter
Ik kin it
Net frek

My lyk foar
Myn bek… Lês fierder

Piter Boersma

yn ’e achtertún

logo.ensafh

 

 

 

 

de achtertún is hielendal ynsletten
troch trije stiennen hokken fan ’e buorlju
troch ús eigen stiennen hok en garaazje
en by einsluten troch twa houten sketten
lokkigernôch allegear platte dakken
it himelferwulft spant der breedút boppe
de helte fan ’e grûn is betegele
in stiennige wrâld is it hjir achterhûs
mar fjouwer blomperkjes en in strypke gers
twa rjochtoppe japanske kersen yn bloei
wielderich en ryk fan ’t jier as nea earder
protsjend wytrôze jonggrien blêd dertusken
yn it kleare ljocht twa langstâlige pearse tulpen
en noch fjouwer rôze mei franjerânen
tsjin ’e noardmuorre folút in peaskeblom
út ’e rozet wei op wol njoggen stâlen
skerms mei likernôch tweintich giele blomkes
mar ik kin my min oerjaan oan ’e sinne
yn myn holle in wrâld wreed en yn ûnstjoer
tsjin it sket lykwols yn it ivige skaad
maitiidssinneblommen en blauwe drúfkes
út alle macht ek oan myn eagen lûke

PB… Lês fierder

Anne Feddema

Paleo-DNA

logo.ensafh

 

 

 

 

Bûten by fjoerkoerfonken
Wit ik drôgjend
Dat ik fan juster bin
Wurden âld en djip
Rjuchtsje ik omheech
Lit se strielje
Neist planeten

Fan ’e middei yn tún
Fûn ik by bjirk
Knynbiente
Zaza fan Femke
Ea libben kjifdier
Op ’e oergong
Alles komt werom

Gloede hjoed
Besielje deade
Sjamanesjamme
Jou my moarn
Waarme sinne… Lês fierder