Tsead Bruinja

figuranten

logo.ensafh

 

doe wennen wy yn in úthoeke
oan ’e râne fan in oseaan

koenen it wurd hjerst net
klauden om mei tefolle goaden

ús lân wie like beferzen
as it rauwe fleis dat wy ieten

ús gewoanten en wetten
net minder kâld

no wenje we yn it each
fan de stoarm

oan ’e râne fan in feart
dêr’t in keppel frjemd folk
oerhinne komt

wy ha leard

ast dysels in bytsje fatsoenlik
en moedich

de annalen yn ha wolst

moatst dyn fijân grut meitsje
syn legers ûnearbiedich

en dreech te ferslaan

Skreaun by it ferskinen fan
Een meelijwekkend volk. Vreemden over
Friezen van de oudheid tot de kerstening.
Lês fierder

Syds Wiersma

Tableaus fan rou

logo.ensafh

 

Yn ensafh nûmer 6 steane net allinnich bydragen dy’t mei de Baskyske literatuer te krijen hawwe, mar der is ek romte foar oarspronklik Frysk wurk.

Syds Wiersma skreau de prachtige fjouwerdielige syklus Tableaus fan Rou. Wiersma draacht hjir it foarste diel fan dizze syklus foar en jo kinne de tekst ek online neilêze.

Klik hjir foar de foardracht, klik hjir foar de tekst yn pdf.… Lês fierder

Joël Huitema

För Andoni

logo.ensafh

 

 

Sa as it wyt mei grien en read
dat oait fan dij no myntes wurdt
wêr ik it wer te draven draach,
mij hechten het oan dyn getal,

ferriedt it Noardseeblau en -griis,
dat oait fan mij kaam, dyntes is
asto mei sport it oandien hest,
atst fúl in 5’er wurden bist.

 

Troch in fersin is dit gedicht net yn ensafh nû. 6, 2017, it Baskenûmer, publisearre, dêr’t it al foar ornearre wie (red).Lês fierder

Gerrit de Vries

Begrypst my wol

logo.ensafh

 

 

mear as
myn petry-skaaltsje
myn siedferedelingsbedriuw

bisto myn steunhoas
as myn ieren spatte
ik mar wat omstroffelje
myn keunstgebit
ik moat dochs ite
myn fjoertoer
as ik it paad
bjuster bin

do bist myn batterijlader
myn dialyzefilter
myn pompstasjon

loegje op myn golle
hekkelje myn sleatswâl
ikkerje my
as myn fuorgen
oerrinne

begrypst my wol
of moat ik sizze
leafste… Lês fierder

Jetze de Vries

Frou mei deade hoeke

logo.ensafh

 

do iepenest as in skutdoar
kom deryn, seist
mar de doar komt werom

sjoch in skaad
wat oer it dek beweecht
as in swarte flagge

it wetter siert
bist bewolke, twa
ienpersoanssekjes dobberje
dream tee

ik skôgje in skilderij – de klaai fan it gesicht
in trui sjongende boarsten

der falle wurden fan skrale takken
pak in pear fan ’e grûn
hâld se tsjin it rút

blaas sêft, fang noch in pear op
slok se ien foar ien yn
fertarjend ta in fers… Lês fierder

Simen de Jong

frijersgong

logo.ensafh

 

 

wat wol ik leaver as yn earmen fan in frou
dreame oer wêr’t ik weikaam út it neat
mar fierder moast
as mei widzjen langje nei in ivichheid
yn ’e sliep bedobbe ûnder waarme trou?

wekker wurde as stjerren raze yn ’e bûk
fan har ûnderwêzen skonken himelsk
en fierder wei
it balten fol ferwyt oer ierdske brekken
bêdzje yn it rûzjen fan de flecht temûk?

wêr oars leit myn wrede lot fan in frijersgong
as op de ein fan wêzen it swart gat
djip fierder sûcht
mei fertriet ferfolle en fol ferlet noch
d’ eale ein foar feint en faam in bokkesprong?… Lês fierder