It is foar eefkes
( koarte berchetappe mei, is de hope, finish op de top)
it is
by de 6e draai
as de swiere rook
fan roppich roaid grenen
– der moatte hûzen komme –
ferfljocht yn in fleach plak makket
foar de walm
fan in miste bocht
der sit wat yn myn noas dat seit
dat der neat mear op te wekjen wie
gjin ferkwikking gjin swiete fredige dea
tsjin de dinnen dy’t noch steane
in aardich stik leger is foarmbehâld
loslitten in twingootsje fermoedzje ik sa
read of soks út dat part fan de kleurenwaaier
in digipiep moannet my werom yn de plende hertslachsône
ik sjoch ik beken de jungle mar moat dûnsjen bliuwe
de rook fan hars en hout springt wer op
der moatte hûzen komme
al is it inkeld mar
foar eefkes… Lês fierder