Joris D. Raven

Wiisdom

logo.ensafh

 

Wiisdom
(de maris sapientia)

Fregest my net hoe’t it libben
syn guozzeflecht nimme moat
mar moatst dy lokkich achtsje
mei in goed stik yn ’e rêch

Doe wie wiisdom altiten
Boëthius:
Mei de kear rjochting ûngelok
is sels de groanysk ûngelokkige
fan betinken dat er foarhinne lokkich wie

Reizgers binne we
altiten let en och
wêrdat hinne?
Noch sa faak en folle
fannijs opbouwe ferneatigje
sjen fiele hearre rûke priuwe

Wiisdom soe dan wêze
stoarmen ôf te reizgjen
en somtiids skippen te ferbaarnen… Lês fierder

Lubbert Jan de Vries

de achtste dei

logo.ensafh

 

yn de úthoeke fan de Skrift toant de Skepping him
op ’e achtste dei
oan de hûn

efter syn brune hûne-eagen
yn de strielen fan de sinne
dûnset in krie
in spjocht dûkt
oer syn kop
en hammeret in nij swart gat
yn in deade beam
neist him
stiet in ielgoes
deemoedich as Jezus Kristus
wjukken wiid
oan de wetterkant

wylst is dêr
it delbêdzjen fan de ierde
wylst is dêr
it wrotten fan de beammen omheech nei de Himel
wylst rûkt er de delgong

yn de nacht fan de achtste dei bilet de hûn
by it ljocht fan de moanne
boppe it grêf fan de man út Earnewâld
de hûn koe him by it libben(de alpha) én kin him yn syn stjerren (de omega)
de hûn seach reeën yn it Paradys mei de snút omheech
ferwûndere…de man út Earnewâld…dea !?… Lês fierder

Syds Wiersma

Donna Ynkognita

logo.ensafh

 

 

I

De strjitte rint leech. It feest giet fierder
yn in pakhús op ’e hoeke. Hy lûkt
my mei, as wit er hiel goed wa’t er
yn ’e hûs hellet. Elkoar krekt moete
yn in frjemd dielde taal. In smelle trep
omheech. Kroanluchters yn in útwenne
boppeseal. Unbekenden tsjin it rút
sjogge net op út reek en drank. In feest
hjir blykber faker fierd. Hy wiist my
in lege stoel by it trepsgat en rint
noch lûder bearend nei it midden ta.
Dan sjoch ik har. Se hinget mei in freondin
djip achter yn ’e romte op in bank.
Se fingertutet ferheard, trochtrape moai
yn read katoen.… Lês fierder

Edwin de Groot

Skatplicht

logo.ensafh

 

Krekt foar sluterstiid fan 2016 ferskynt by de Afûk de fjirde bondel fan Edwin de Groot: Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see.
Dizze bondel is syn hommaazje oan twa rigels út in gedicht fan Wisława Szymborska.

Je bent – je moet voorbijgaan.
Je gaat voorbij – en alles is oké.

Dit besef fan it tydlik-wêzen spilet op ferskillende wizen en mei wikseljende konklúzjes in rol yn ’e persepsje fan wat der sa op syn wei komt en de dichter jout it taal al wie it mar om foar te kommen dat jo sprakeleas tusken skiep tenûndergean.
Yn it gedicht Skatplicht komt net allinne it foarbygean op it aljemint, it is ek in oade oan twa fan de grutste Poalske dichters

Skatplicht

(Foar Wisława Szymborska en Czesław Miłosz)

ea lake hy wite bjirken bleat
sa as dy yn ’e bosk by syn âlde hûs yn Białowieża
sûne eagen priuwt hy net mear
set himsels muoisum op in stoel

freget traach kreaket sêft wêr melke de boeren noch
yn broekophâlders mei hurdoastige hannen
op smeulend stoppellân it flaaks oanskeavje
hoe komt it dat de tongen fan myn dichters
súntsjeswei ûndersnijd binne as stjerrende Konikhynders

wy roofden allegearre as ûnbeskamme mosken
nêsthier fan har kâldklomme rêgen

sy koenen wolven aaie… Lês fierder

Sipke de Schiffart

De tút

logo.ensafh

 

We koenen net fierder.
Oan ’e ein
fan de lange pier
by Moddergat
ticht by
Ingelskmanplaat.
Foar it earst dy middei
swijden we.
It wie sêft neijierswaar,
de sinne skynde,
de see lei stil oan ús fuotten.
As op in teken,
of tafallich,
draaiden ús gesichten
tagelyk
nei mekoar ta.
We seagen mekoar oan,
noait earder fan sa tichteby.
Us mûlen
waarden nei mekoar ta lutsen
as magneten.
We koenen net werom.… Lês fierder

Edwin de Groot

En sjedêr de genesis fan in flechtheuvel

logo.ensafh

 

‘ik sjoch om; de wolkens leinen ûnder myn fuotten
en op dat stuit skynden my Athos
en Olympus minder ûnleauwweardich ta’
(Petrarca, Beklimming fan de Mont Ventoux, 1336)

in begearich bûnte tried nei boppen koarkebreide file
fytsdissipelen ta skonken ferwurden waarmdraaid
der is hoop op in heelhûdse reis
en dêr hâldt de iendracht op

elk no allinne mei hert en holle en geast
elk no it folk fan eigen ryk en draken
wat is de spankrêft fan it liif
it kapitaal fan kadâns en hert

red

de top himet swier en djip
lit him dreech bemasterje
der soenen goaden en reuzen tahâlde
by de grutte wite toer
poerlefinkje shirtsjes fan Peugeot
Vini Fantini en Team Sky

red

wichtich by it snoeien fan beammen
is sjen hoe’t de foarm him hâldt
dat is berchôf fierwei it swiertepunt
oare prakkesaasjes binn’ foar letter

ûnderoan yn it doarp dripket it lycra leger
it terras fan Le Relais du Ventoux op
en bouwt mei barokke krollen
in pleisterplak fan ferbûn… Lês fierder