Ta de essinsje fan de poëzy fan Bartle Laverman
Hoe kin Bartle Laverman syn poëzy karakterisearre wurde? Hy skriuwt frije fersen. Se binne tagonklik en to the point. Direkt en keal. De fokus leit by de ynhâld, net by de taal. Mar dizze oriïntaasje is, liket my ta, net de wei nei de kearn. Wy komme fierder as sjoen wurdt nei de titel fan syn bondel dy’t hjoed presintearre wurdt: In echte Fries.
Fan de Sineeske poëzy wurdt sein dat dy eins altyd gelegenheidspoëzy is. Ik tink, dat dat sa begrepen wurde moat: in dichter wol dichtsje, syn dichtier buorrelet, mar syn hâldfêst dêrby kin fan alles wêze, filosofy, godstsjinst, de oar, it eigen isolemint, de eigen driuw nei de mienskip, de natuer, de kosmos, ja joast mei witte wat, mar de Sinezen smite har anker út nei har eigen aktuele situaasje, de tiid dêr’t se yn en it plak dêr’t se op dat stuit tahâlde.… Lês fierder