Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd (2)

logo.ensafh

 

Laotse

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

 

Ferfryske troch Eric Hoekstra


Foarwurd

Ensafh publisearret fan ’t simmer trije kear in kar út de oersetting fan Eric Hoekstra. Twa kear op Ensafhynternet en in kear, ein augustus, yn de papieren Ensafh. Dit is de twadde fan de trije foarpublikaasjes. Foar de earste foarpublikaasje op Ensafh-ynternet klik hjir. .De folsleine oersetting sil yn septimber yn boekfoarm ferskine by Utjouwerij Elikser.

Redaksje Ensafh

Ynlieding

De Tao Te Ching bestiet út 81 stikjes tekst, part proaza, part poëzy. De yndieling yn 9 skiften fan 9 gedichten ha ik sels makke.… Lês fierder

Bartle Laverman

zo vliet zijn aardse leven heen

logo.ensafh

 

wiswier, it wie in moai gesicht:
in folle frouljusboarst
en dan syn âlde grize kop
blastich fan de prednison
smakkend oan har spyn

‘op myn stjêrbêd wol ik tate ha’
stie yn hânskrift boppe ’t bêd
sels wie er dat al lang fergetten

ik sei:
skink ús de glêzen
mar ris ta de râne fol
en lit ús ite
oant wy barste
fan ús triennen… Lês fierder

A.R. Looijenga

isofloedlinen

logo.ensafh

 

de see bestiet net
it slyk, seedyk, de rjappelklaai
foarboaden fan in neat

in sûnder wat

kluten< kerrels< grús
see is griis fan plúskes grûn
boaiem swart fan wetter

ien grins is der net, tusken
ús en leechte
útsein fan isofloedlinen tekene

de fêste klaai foarseit, ûnthjit
in neat bestiet… Lês fierder

Laotse, Eric Hoekstra

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

logo.ensafh

 

Laotse

Tao Te Ching – It Boek fan de Wei en de Deugd

Ferfryske troch Eric Hoekstra


Foarwurd

Ensafh publisearret fan ’t simmer trije kear in kar út de oersetting fan Eric Hoekstra. Twa kear op Ensafhynternet en in kear, ein augustus, yn de papieren Ensafh. Dit is de earste fan de trije foarpublikaasjes. De folsleine oersetting sil yn septimber yn boekfoarm ferskine by Utjouwerij Elikser.

Redaksje Ensafh

Ynlieding

De Tao Te Ching bestiet út 81 stikjes tekst, part proaza, part poëzy. De yndieling yn 9 skiften fan 9 gedichten ha ik sels makke. It getal 81 is foar it neist mei opsetsin troch de auteur of gearstaller keazen want 81 is 9×9, en 9 sels is wer 3×3, dus 81 is de treddemacht fan 3.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In boer eksperimintearret mei Viagra

logo.ensafh

 

 

Bring ta syn essinsje
de âlde sater werom.
Wyn jout elk lisinsje
en strún yn Leafde om.
Reitsje op Rokjedei eagen oan,
ûnmeilydsum is it froulik machtsfertoan.

De homeie is yn stien en toer ferankere,
swaait iepen as de god him oppenearret
op in Jaguar lutsen troch twa hynders,
want it bist bringt it meganyk op gong.

Blaupiltsje rydt foar wûnder, mar it hert
jout belies en blaublomkes op it grêf
bringe gouden bloeitiid yn it ûnthâld
fan de boer dy’t oan syn hurde reis begjint.… Lês fierder

Reinold van Oevering

Net dea te krijen

logo.ensafh

 

 

Alde minsken
binne tsjintwurdich
sa kras.
It is hast net te leauwen:
se rinne maratons,
toutsjespringe,
ha trije kear deis
seks
en swimme fyftich meter
ûnder wetter.
De meast krasse eksimplaren
bliuwe altiten fitaal,
sels op harren stjerbêd
dogge se sit-ups
en push-ups,
it is alderraarst.
Ja, ik ha sels in âldman kend,
dy fytste nei
syn eigen begraffenis,
en hy hie net iens
foar de wyn. … Lês fierder