Obe Alkema

Oantekeningen by Mienisme

logo.ensafh

 

0bb9c48779c7809be43f2f6dbd485754

OANTEKENINGEN BY MIENISME

“I thought I would be understood without words.” – Vincent van Gogh

I.

Goed lêze en skerp tinke is in keunst.

Ik fertel net wêr’t ik myn iepeningssinnen weihelje want dat ûnderminet myn autoriteit dy’t ik graach safolle mooglik.redusearje wol. De autoriteit.dy’t ik mysels oanmjit, neieret de nul as in asymptoot.

Nul = 0. Anything goes.

Disclaimer: dit fers is in farce.
Dit fers efterhellet himsels yn.

Meindert Reitsma is oan it rekalkulearjen.
Charles Bernstein is oan it rekalkulearjen.
Ik bin oan it rekalkulearjen, mar haw muoite mei ôflûken.

Douze points foar Skanomodu.
In sinfolle ympuls yn de fêstrustke Fryske letteren.… Lês fierder

Marije Roorda

Swijsum lânskip

logo.ensafh

 

 

Wêrom in swijsum lânskip oan ’e muorre hingje
dat oars net freget as nei juster en dêrfoar,
de fjoerflinter bewarret as fossyl?

Myn each swalket troch de rûchte,
raffelrânen stikelje de friesloft.
Ik preau in tear tegearre fan
mimerjen yn strieïch reid,
hear de winterhurde grûn heas
en heimfol flústerjen oer leavjen.
Ik jou in werwurd oan de froast
dy’t as in freon it lûd fêsthâldt fan
spattend wetter op ús simmerliif.

Wêrom dit kritend lânskip oan ’e muorre
as in pleister op myn sear?
Ik stoareagje nei it skerpe ljocht
dat linkendewei fersêftet
yn moederaasje mei wat juster wie.… Lês fierder

Ofskied fon Friundon

logo.ensafh

 

Ofskied fon Friundon,
der nei da Foriene Steaton fon Noard-Amerika teagon

Nu tiugge jima wei nei fira wester oardon,
End siikj’ en frydom der, dy hier nawt mear bistiet?
Nu tiugge jima forth, end wirde nye bòden
Der jinsen fon ûs unk, end ho ’t hier earstling giet?
Nu scille jima folk end alderlond untwike?
Biwenje freamde grund?
Toscoere wîld den bond der unforbreklik like,
Dy jim’ oan Frîslond bund?

’t Is hird, unhiermlik hird sîn friunden to forleten;
’t Falt swier up ’t heitelond for ’t lest det each to slaen;
Hertbrekkend is det wea by stialpich trienforjeten.
As miich fon miich hin scaeth.… Lês fierder

Piter Boersma

Twa gedichten

logo.ensafh

 

 

moai sekuer ha ik it túnôffal garre

moai sekuer ha ik it túnôffal garre
as kompost ferspried ik it no mei ynmoed
ik hie der gjin sin oan mar fiel foldwaning
om dien wurk te meitsjen is foar alles goed

sa ha ik oeren yn ’e sinne sitten

sa ha ik oeren yn ’e sinne sitten
hieltyd foel Williams syn boek op ’e grûn
wylst er foar har song oer dy grienige blom
op it lêst bin ik nei de krokussen rûn… Lês fierder

Geart Tigchelaar

kom moarn oars mar wer

logo.ensafh

 

 

fluwielsêft snijt it glês my
yn de hûd in reade streek
kleuret blau fan de kjeld fertroud
as in âlde leafde fynt de pine

de wei werom yn it âlde dowehok glinsterje
fearren en stront weeiïch yn it iere sintsje
mei it finster stikken laket my stikelich út

krekt no
draach ik gjin lange mouwen
krekt no
tjirgje ik tsjin better witten yn

myn knibbeljende triennen oer de rûchte
spielt it klisjee fan it wêrom yn ’e nerven
ropt ien ik mien fan in bekende stimme
waar te nimmen mar it is de nije buorman
dy’t freget as er helpe moat mei it oprûmjen
Lês fierder