Ast op lette jûn by glês en kears
lêst oer in jonge dy’t
oan it petgat yn in skûlhut
fêstsitten hie
efter de reade kibboets
(in âlde Joad foar syn eagen
troch in straaljager deadlik rekke)
yn in spelonk
wacht hâlde moast
hy, in skytlak as elk fan ús
fan in jeep mei fiif Syryske soldaten
fjouwer doch foaroer falle lit
opblaast
delknalt
genedeskot jout
dan is it
op ’e keamer dêrnei
goed neven killen
.
André Looijenga wurket en wennet dizze moanne yn de troch Rink van der Velde neilitten Skriuwersarke op de Feenhoop. Van der Velde syn ûngemaklike, eksistinsjalistyske iere wurk hâldt him yn it bysûnder yn de besnijing.… Lês fierder