Skaad tekenet it antlit
lofts it ljocht, rjochts it donker,
in teare krol foar ’t ear.
Hoe hoeden sit hja oan de tafel
mei ûnder it blêd de hannen gear.
Wachtsjend, mei de holle skean.
In ranke swiere frou,
mei ûnwisse dwelm-eagen
en in lange swannehals.
Oft er komt is net fan belang.
Allinne dat knipen fan de fingers
en dat ljocht en donker op ’t wang.