Josse de Haan

JEL DAS – ta neitins

logo.ensafh

 

– Leave Jel-

Wat my heucht binne dyn lippen en dyn mûle
De wurden dy’t dêrtusken ferskynden
De folsleine ienheid fan ynhâld en foarm
De ultime ekspresje fan dy waarme close up.

Hiest it stal en de linigens fan in trapeezjewurkster
Eagen mei tagelyk fraach en antwurd en 2 fonken
Hier dat om dyn holle skittere en dûnse
Ast mei dyn hannen en fingers spilest en pratest.

Wiest net te fangen yn in ramt of in teaterwet
Leist aksinten dêr’t oaren wifelen en twifelen
Lietst de minsken achter de wurden sjen
Toverest de bylden foardat se echt ûntstiene.

Mear as emosjoneel bestridest de sinne soms
Mar as de spot fan it toaniel nachts yn de herberch
Op dy rjochte wie, waardst sels in stjer fol fjoer
Mei lea en wurden betsjoendest harkers en taskôgers.… Lês fierder

Harmen Sytstra

Ofskied fan freonen, dy’t nei de Feriene Steaten fan Noard-Amearika teagen

logo.ensafh

 

Dit gedicht haw ik útkeazen om’t it goed de sterke punten en wichtichste tema’s yn it poëtysk wurk fan Harmen Sytstra sjen lit. It is hiel oare poëzij as tsjintwurdich wenstich: direkt, mei grutte wurden, retoarysk, dreech, polityk, God, Fryslân, taal. Der sit ek wat mankelyks yn: lykas it earder wie, wurdt it net wer. Mar boppe alles is it oanklacht oan it ‘(be)stjoer’, de machthawwers dy’t it barre litte dat safolle minsken fuorttsjogge út Fryslân. Ommers, dit is in fers út 1849 – in tiid fan revolúsje: it jier derfoar hiene de boargers yn Frankryk en yn Dútslân op ’e barrikaden stien… Dizze liberale revolúsje, dy’t op in soad plakken útrûn op in desyllúzje, sympatisearre Harmen Sytstra grif mei.Lês fierder

Rein de Lange

wintermoarn

logo.ensafh

 

as ik mei mysels praat hinget de romte fol mei wurden
en yn elts skaad sjoch ik in útdrukking fan dyn gesicht
bûten is it dampich, auto’s litte klinkers sankjes sjonge

myn hert trillet my dyn djipste lusten ta
ik rûk oan dyn shirt
it hat dyn hûd noch net ferjitten… Lês fierder

Jaen

Radyskes

logo.ensafh

 

We brochten radyskes bij ús heit en mem.
Earste radyskes út ’e kas.
Se bearden der wakker fan.

Op it teemeubel stie in kaart
fan kunde, dy’t ‘50 jier’, sei heit,
‘nee, 55 jier,’ sei mem, troud wienen.

Se helle it foto-album fan
harren eigen 50-jierrige troudei derbij.
In fleurige dei, sa heugde it ús allegearre.

‘Sjoch, dy is der net mear,’ sei mem.
‘En dy net,’ sei ik.
‘En dy allebeide net.’

We kamen op in stik as tolve
yn amper acht jier tiid.

‘Wij wolle noch wol even mei, hear,’ sei ús mem.
En heit sei: ‘Wat binne dy radyskes dochs prachtich.’… Lês fierder

Anne Feddema

Alkospoeksel

logo.ensafh

 

‘Hören Sie die Kinder der Nacht singen?’
Klaus Kinski tsjin Jonathan Harker yn Nosferatu. Werner Herzog 1979.

Wat kin ik?
Kin ik oars dan?
It is nacht
Dy’t my ropt
Moat gean oant
Earste stop
Klokslok de flok
Bierpompen jankerje
FE-DE-MA
It bline liet fan flessehals
Sjongt oare halzen ta
Ja, op paad bin ik strieljend moai
Gleone sûplaplever
Keizelhurd yn ’e lea
Baarnende floeistof
Skomjend batst yn
Kalken poppebealch
Pine wykt
It wurdt letter en letter
Wis ik wit ik sil
Foar altyd bestean
Net besocht troch dea
Yn ieren brûst ivich bloed
O sok sterk wetter.… Lês fierder