Syds Wiersma

Pie Jesu

logo.ensafh

 

út it Requiem fan Fauré

Hoe kin it earme bern sa de rein
fan snein te middei wêze?
Drippen lûke banen oer it rút
foar it lân dat oan ’t fersûpen is.
En dit is paradyslike muzyk?
De treast dan dat
leafde komt as it tekoart
de wurge wetters iepenteart
nei in adagio
foar, foar wat.… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

te keap te koop for sale

logo.ensafh

 

op it ljochtgriene stikelmeande boerehiem
achttjin houtbulten te lizzen

trije boekbarjes oan barrels, seis skammels
& foar nustje netsjese fytsefriiks

ruske eide & wytferve ploege yn ’e bleek
& de boer, de wjukkelskrik

yn in fealblau daf-trucksoveral
mei heakuil opbolle op ’e griene sitbank

foar mei in ferblikke oranje hoed op
fan ien of oar jeropeesk sport-fest-

spektakel, wat neat om nix wurde koe
& al feestfierd ear’t ien bear made in born

as ferdronken bollekokeallen leine
de keale neten al gear yn ’e bak oan ’e dyk

gjin keine faam noch feint der nei tale woe
it wol mar min ferkeapje nowadays… Lês fierder

Syds Wiersma

Et lux perpetua

logo.ensafh

 

Op ’e kusten fan de Middelsee
stekke B., J., B. en W.
de toer út de beammen,
fingerje it hegere
gjin idee
wêr’t de himel syn kitel hat.

De loft allinnich al
is hjir sa godlik grut
dat God wurdt reed, kuilbult, jarrekolk,
molkrobot, do.

D. begrypt
dat soks as in sipel
noch it bêste antwurd is:

healwize mantra

hasto my skyl op skyl
it ljocht yn
keard.… Lês fierder

Jaen

In sneintemiddei

logo.ensafh

 

Hoe soe ik net mear witte
dy middei datsto my ophellest
foar it earst
en wij tegearre nei Grou.

Hoe’t wy sieten yn ’e Treemter
wat ûnwennich sûnder
maten as praters.

Hoe’t wy kuieren troch de strjitsjes
en op in hoeke doe ynienen

dy etalaazje
fan Stichting It Fryske Boek.

Dat wy bij de Pikmar
op in steger stiene
en wat tuteboarten tsjin in muorke.

Datst op ’e weromreis dyn hân
fan it stjoer op myn knibbel leist
it stiet my noch wol bij,

mar it skerpst foar eagen
stiet my dochs – dêr’t jûns
myn dreamen har om spûnen –

dy etalaazje
fol Fryske boeken.… Lês fierder