Cornelis van der Wal

Sibearysk mearke

logo.ensafh

 

Snieswit rûn fan de rots yn in smelle stream troch de keale bosk
en de jonge foks syn sturt waard wiet doe’t er fleurich de fazant
de kiel trochbiet. Fûgelbloed yn ‘e snie rûn gear ta in rare tekening,

it like wol in magysk amulet. Letter, de foks wie fuort en de fazant
bonken en fearren, bûgden tinne beammen har ferbjustere oer
de tsjustere symboalen. De ûle, mûs en marter fûnen it ek mar nuver.

De froast dy nacht wie hurd en rûch, it bloed krige in blauwe gloede.
Skuorren, reek en in erupsje. Draaiend, piipjend ljocht dêrboppe.
Satan ûntsnapte razend yn lava, skom flokte read op syn skerpe tosken.… Lês fierder

Jannie Roodhof

Klyster x Corneille

logo.ensafh

 

De klyster is ferheard;
hy heart Reve’s lûd mar sjocht de skilder
syn frjemde fûgels yn read en giel en grien
mei swarte rânen as fan de dea
Djip út syn fearrepak wei it memme’ lûd
dat seit: ‘De Dea, dy’t Wierheid is’

Lês fierder
Anne Feddema

Sosjalistysk wûnder

logo.ensafh

 

De ingel op ’e trekker rydt oer in ikker.
Dat fine de boeren machtich moai.
Dat wurdt noch wol wat mei dy nije maatskippij. Se jûchheie.
Noch mear ingels komme en siedzje mei de hân.
Hja siedzje fleurige pigminten en pleatse panielen yn ’e grûn
Dan komme der mannen mei petten en revolvers en jeie alle ingels fuort.
De natoer moat no har wurk dwaan dus krije alle boeren in nekskot.
It is it âlde én it nije. Op en yn ’e kluten in tompe God.
Earne takommend jier soenen der Ikoanen út ’e grûn komme moatte.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

acedia

logo.ensafh

 

moarnsdage ropt him om grom
by in nije dei fol brein
mei ’t piipjen fan wekker

fakânsje sûnder werklik
útsjoch en ’e skamte fan
it net wêzen wolle
ropt him om grom

altyd warber lykje foar it
alsjend each fan de machtige
buorman achter geraniums

net it ferfelen mar it net
meitellen ropt him om grom… Lês fierder

Syds Wiersma

Krúspunt

logo.ensafh

 

Ik stean foar it rút en sjoch dy
foar my út in wrâld oer stekken.
Shirt fan krekt meand grien, wyn
yn ‘e rôk, giest foar grânzjend
ûngeduld fan auto’s lâns nei wêr’t
men inkeld krûpend komme kin
en bekoarre wei komt. Ik wol dy
roppe, leau myn eigen stimme net,
mar likemin de trage reedlikheid
dy’t seit dy gean te litten. Ferdwynst,
ferkear lûkt op. Ik sms in feale
blyk fan wêr’t it hjir om giet. … Lês fierder

Bartle Laverman

op fleugels

logo.ensafh

 

somtiden kin ik sa feroarje:

ik kin fleane!

net yn gedachten
mar mei in fielsum fleugelliif.
ik strûs hjir sa it dakrút út
omheech

ik bin net bang:
ik bin it sels dy’t fljocht
en rêstich leit te sliepen
tajûn, dat hat wat raars

lemstra pisset bij de buorren
dêr strúnt ien bij aukje’s ruten
en gjin hûn dy’t ta de oarder
roppen wurdt

sa kin ik oeren sweve
earst om de toer
dan heger nei de wolkens
en nei de fraach:
de hichte of werom

as waarme dream
lis ik neist dij te sliepen
en foar it sjongen fan de wekker
lit ik mij fan de himel falle:
ik sjoch dij graach.… Lês fierder

Rein de Lange

sms

logo.ensafh

 

sy iepenet himel en ôfstân
loft draacht lyts har wurden
satelyt nei satelyt

toan fan ferbining
sykje ik gau it boadskip
by keunstmjittich swartljocht

ik ferskik ûngemurken
myn besette hert rjochting har
azemje in oare waarmte

fan it yntime momint
dat sy oan my tinkt; har fingers
op myn namme; sa tichtby… Lês fierder