Syds Wiersma

Deadesankje

logo.ensafh

 

der komt in dei dan brek ik út
dit liif, dan fal ik net werom
as in gleone kat
yn ’e nacht
mar hâld ta by de âlde
timpel fan de siel

wyt myn leave hûd
gjin noed myn faam
ik bin net wei
ik bliuw dy kommende benei
de dea is mar in daam
in saak fan even oer de hikke
hingje en it lân oer dikerje… Lês fierder

Anne Feddema

Mors Voluntaria

logo.ensafh

 

As de âlde Romeinen
Sit ik steatlik yn bad… Mar!
Net as Archimedes hear
Alde Griken ha altyd gelyk
Mei myn massa ferpleats ik
Moanne, Sinne, Stjerren
Gjin molekulen wetter
Ik hoech der net in oar by
Myn neakenens is fan my
As in âlde Romein
Iepenje ik myn ieren
Reade Magelhaeske
Wolkens waarm libben
Beklaaie aaiwite himelhûd
Ik wurd ien mei it hielal
No sil de reis begjinne
Mar wêr?…wêr binne?
Moanne, Stjerren, Sinne?
Mors Voluntaria
De dea falt ek net ta.… Lês fierder

Anne Feddema

Ik kuiere yn ’e kjeld nei Köpenick

logo.ensafh

 

Goethe die in reis
Nei Itaalje
Rilke nei Ruslân
Obe Postma hat
Nei Harns ta west

As oare minsken
De ien mear oars
As de oare binne
Hja werom kaam

Ik kuiere yn ’e kjeld
Nei Köpenick
Oer de wite
Wuhlheide
Song stikken
Ut ’e Winterreise
Ik wie noch net in
Oar minske wurden
Kaam se lykwols
Wol tsjin
Goed ynpakt allegear
It skeelde in jas
Mei de dei derfoar
Hast beferzen kaam
Ik oan yn Köpenick
En sloech dêr
In skronfelich mantsje
Ut syn unifoarmsjas
De reis werom wie
Stikken waarmer
Myn skonken kamen
Sa heech as de keale
Wuhlheider beammetûken
Ik rûn yn prusyske paradepas
It militêr wêzen siet my in it bloed
De wyn helle bot oan
En gûlde oer de heide:
Wat stiet in unifoarm dy dochs goed.… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Betonmikser regenboog

logo.ensafh

 

Tot de darde macht is dut gedicht
Resoneergekras as ekstra eksters
Son op ’t institút geskidenis

Smalle weegbree, anskou de bloeiendpaarse dovenetel,
de bereklau fan weunboatromantyk. Dooie fis
driift deur swanepaar met ses kúkkens.

betonmikserregenboog wêrm strând hyt sând
sonnesteekweken kouwe seetepel; ’t relaxte fan
Woodstock gaat om ’n maanvol geel. Went nooit

’n Fetplant teer ik op foorraad; ful de foorraad an wêr weg?
fleerboombloei bereklau Iselmeerfissers spuite fúk leeg
wynmôln-oase sans plomb benzine 1.37 en nog wat… Lês fierder