Anne Feddema

Boarne fan ’e jonkheid

logo.ensafh

 

Dit oere foldroegen
Ald wyfkes genôch
Badmaster orkestrearret
It tsjetterjend einekoar
Mei ferskate spultsjes
Boartsje badmûtsen
Blomkjend de Wettermusical
Esther Williams har
Wiete-sûnder-spatier-dream
Stjerren draaie jimme
Oan it skolperjend firmamint
Beppe Thetis
Beppe Galatea
Sjongend, weagjend, rôljend
Mei pine en wille
Yn skonken
Yn ’t hert
En gleon sisterjende hjitte
Foar bern, bernsbern en
Faaks in âldkeardel
Al of net mear thús

Jimme kamen der hjir yn
Gongen der dêr wer út
Sa jong… sa jong
Geane jimme
Wer
Nei
Hûs

Der Jungbrunnen is in skilderij fan
Lucas Cranach der Ältere út 1546
en hinget yn ’e Gemäldegalerie
yn Berlyn.

Lês fierder

Hindrik Spin

Wite roas foar Master Dr. Tr.

logo.ensafh

 

Dyn hûn leit yn tinzen en mei sin
op it flierkleed en slacht net oan.

Moat ik dy kenne, bist ferâldere;
de eagen binne hjoed wat min en
dêr troch de stege, dêr moatst gean;
tsjin de Martini oer spilet Macbeth.

O Frjentsjerter Ier; do wite roas
dy’t ferwylje mei yn ’t lichte hout
en dy’t stadich raant, moai gau
oan it ivige yn Wyns gewoan.

In gleske op dyn muzen en kosten
nei’t sprekkers skriemen ferbeaen,
dat ik ha de sinnebril mar opset;
net om de triennen te kearen.

Yn dyn hûs fan leafde wennet frede,
wol myn agnostyske god segen ha.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

koalysje

logo.ensafh

 

jiskebakken lege yn iepen hollen
spikers spatte út eagen sêfte hannen
balje ta knotsen slane de tafel oan grom
poarjes sûgje focht út flessen wei
finsters hingje út it lead troch in bûgel yn
gelid hâlden mar dêr is it ek mei sein

út it dakrút wei wurde wy roppen ta in heger doel
‘wy kinne ite’ mar wolle oars net as in skeet
om’t wy blastich binne fan ússels en it praat
dat op neat útdraait mar ús al byinoar hâldt
want alle koheezje bestiet út kommunikaasje
mei reekritueel en muzyk troch alle jûnen oant
de kop tebrutsen falt op de oerloop
‘dat wurdt skrobjen’ hie se noch sein… Lês fierder