Elmar Kuiper

myn systeem

logo.ensafh

 

in swalker yn ljouwert

by it stasjon woe jild
fan my ha om’t er
my noch koe fan frjentsjer

myn systeem
myn systeem wie net gek

dy swalker hoegde
gjin mars út ’e automaat
hy woe yn de terp oernachtsje

ik koe net wachtsje
en hie fansels gjin sint

dy swalker seach my twa tellen oan
mei de eagen fan saturnus en rûn
doe fierder as michael jacksons moonwalk

hy woe fansels skoare

myn systeem
myn systeem hie honger as in hynder… Lês fierder

Anne Feddema

Wy hawwe Syn logo sjoen ( Widzesankje Sanctorum )

logo.ensafh

 

Der kamen knakkers
Ut it Easten wei rûn
Hja wienen healwizers
Mannen fan ’e klok
Hja sieten harsels
Foar de helte dan
Fjouwer en tweintich sân
Yn ’t sân yn ’t rûn
Ien fan ’e healwizers
Koe min oer kemielshier
En moast hieltyd
Trije kear prûste
Ek fan wijreek en mirre nammers
En oare swietrokige harssoarten
Dêrom gong er ek net mei
Yn ’e stâl te Bethlehem
Hy bleau bûten en seach
Omheech nei de stjer
‘It liket wol oft de stjer my ropt’
Tocht de healwizer
‘Ik moat gean’
Hy naam it goud (dat wol)
Mei en ferdwûn
De oare healwizers hawwe
Dit nea oan ’e Grutte Klok hongen
Mar ek gjin milisekonden
Wurden oan him wijd
It koe Us Healwizer neat skele
Hy wie stjonkend ryk
En gûlde tsjin de stjerren
‘Sis no sels, jimme dêro
Wat is ivichheid?’… Lês fierder

Anne Feddema

Maria en Maria

logo.ensafh

 

De strieljende ingel
Klaaid yn wjerljochtsklean
Wie mar wat grutsk op syn lea
Sittend op in grutte Stien
Rôle hy mei syn bondels spieren
It klonk as tonger
Twa froulju
Maria en Maria
Seagen it
En seinen:
‘Dat is in geef eksimplaar’
Hja kamen tichterby, foelen
Op ’e knibbels en omklammen
Earbiedich syn fuotten
‘Hy is fan my,’ sei Maria
‘Hy is fan my,’ sei Maria
De ingel klapperwjukke
Hommels fuort
Mar de Maria’s twa
Lieten net los
En seinen earst moarn
Tsjin de fûgels en letter
Goeie tsjin de stjerren
Wêr’t hja úteinliks
Bedarre binne?
Wa sil it sizze?
Aldergeloks binne
Der noch mear as genôch
Maria’s
Mar ingels?… Lês fierder

Ane Bote Jukema

In sintsje

logo.ensafh

 

It wie in sombere dei
yn Boalsert,
griis en wiet en kâld,
wylst it stedsje
ornaris al
sa treasteleas is
yn de hjerst.
Lokkich
seach ik Beitske,
we fytsten elkoar foarby
op de Blaupoartsbrêge
en groeten elkoar.
Se striele
doe’t se my seach,
stiek de hân op
en rôp
myn namme,
as wie ik
har leafste.
Dat makke myn dei
wer goed. … Lês fierder

Elmar Kuiper

Linich

logo.ensafh

 

in frou makket har drok oer neat

it is in hiele keunst om jin
drok te meitsjen oer neat

de dei hat ommers altyd de blaai út ’e bek

in man tinkt:

as ik plan-út gnize wol moat
ik de bliere stofkes aktivearje
in ein fytse foar de moraal

grut nijs

dy man wol himsels mei de kombinaasjetange yn ’e earm knipe
dy frou wol harsels mei de wetterpomptange yn it wang knipe

wêrom

wolle dy man en frou de wrâld
begripe dêr’t de heksebile gûlt? … Lês fierder

Anne Feddema

Wij komen aan in Sint-Niklaas

logo.ensafh

 

Ik gong nei Machelen om it grêf te sjen
It grêf fan Gerard Reve
No wie dat net de wiere reden
(Mar it begjin is foar yntertekstuelen)
Yn ’e trein Antwerpen-Gent
Sittend op in bonkehurde bank
Tocht ik oan myn Flaamske Frienten
En in skomjend Bolleke
Bûten rûn Dulle Griet
Mei restanten fan Schalulleke
Yn stiltme lies ik in
Opljochtsjend skerm
‘Wij komen aan in Sint-Niklaas‘
België altyd oars as oars
By ús komt Sinteklaas earne oan
Ik krige nocht yn Maes
En dan fuort in liter
En dêr einlings… gau derút
Stasjon Gent St-Pieter
Middeis ha ik dan dochs it grêf sjoen
It grêf fan Gerard Reve
It lei der as in swarte monolyt
Iensum yn it snústerich waar
Ik hearde :
‘Weidzje myn lamkes’
‘Hoedzje myn skiepkes‘
Ik seach omheech
Stoep op it grêf
It klonk leech
Uteinliks kaam ik dochs
Noch oan myn gerak
Nei Westmalle, Corsendonk
Verboden Vrucht en in
Pauwel Kwak

En it ein fan dit relaas
Ik doch dit jier wer ris oan
Sint-Niklaas.… Lês fierder