Himke de Jong

Smycht

logo.ensafh

 

Sybren Pimpel
hat my op syn begraffenis
raar te pakken hân

yn ’e deadskiste
hie er de bek heal iepen
en seach my troch spleetsjes oan

as woe er sizze –
ienris leisto der ek sa by

godferdomme,
ik krij de kop fan dat lyk
net mear út ’e harsens al is ’t noch sa

sels ûnder it neuken
bliuwt er my oansjen,
de smycht… Lês fierder

Tryntsje van der Veer

Weibrocht

logo.ensafh

 

It romme, foarname, bûnt dêrkeazen oard,
dyn kertieren, dyn hôven, op wif fundamint,
ik hifkje dyn wicht, fersûp yn dyn wyn.

weibrocht 1

It lichte, trochgeande, werheljend skel lûd,
dyn leanen, stêdspoarten, muzyk foar in sint,
ik ferwinskje dyn hjitte, oertsjûge triomf.

weibrocht 2

It drokke, beboude, rikt yn ’e hichte,
dyn grêften, dyn muorren, omheechsketten krûd,
ik betsjinje dyn brêgen, oars tocht ik ’t my yn.

weibrocht 3

It fileine, dit tsjuster, yntins ferlitten,
yn gloppen, rioelen, dêr hûzet fenyn,
ik sûgje en koarje, bedongje myn hûd.

weibrocht 4

It âlde, breanedich, tiidleas ferwurden,
yn wensten, nijfoarmen, dekôrelemint,
ik sykje en strún, rin frijheid temjitte.… Lês fierder

Jan Kleefstra

Kraenlannen

logo.ensafh

 

Sompe sykhellet swier
reaget kjeld troch myn swijen

stadich siker krûp ik út de sinne
flap in wylster om har sjongen
smar slyk oer in útrutsen wurd

in weach te koart oer myn opset lichem hinne te slaan

it each op eltse blier

de ferlieding sil moarn in ferske wêze… Lês fierder

Sigrid Kingma

Tiid, myn maat

logo.ensafh

 

Lit my in fisk wêze
en net fersûpe
yn it protsje tiid dat ik ha
in fûgel, in fûgel oars!
en fleane, de hiele dei
mei it oersjoch oer de wei
mei de tiid mei

Dat protsje tiid
it hat my te pakken
ik sit yn it tsjuster
sûnder te witen
fan ‘t ferfleanen fan ferrin
hoe lang oft dit noch duorret
Blyn..
Wit immen hoe let it is?… Lês fierder