hân yn hân
& tút foar tút
sûzebolje wy, swart
lâns swannehalzen dy’t bûge
nei doezebouten
yn sulveren sleatten
oant ’t iepen IJ
my wekker skittert… Lês fierder
Fersen
Diner foar twa
ien foar ien
leppelje ik letters
út dyn mûle fol tosken
ik skep dy frij
do stillest myn honger… Lês fierder
Wof Wof
Klik hjir foar it pdf-bestân fan dit gedicht… Lês fierder
Weerribben
Ut ’e wyn lês ik dat by Bloksyl de maityd ynslein is, grienstoppele
beammeguod sêftgrien de eksploazje rûzemuozzet.
J.C. Bloem leit in eintsje fierderop bedobbe, earne
wurden as sompich en himelspegeljend oer ribben waaie.
Wat hichte hat, hjit al gau fan dyk, somtiden sels wat mei kaal en berg
of soe der in beammegrins wêze. En alpenweiden mei fee, gjin reid
mar dikbillen by Blankenham en hoannen
dy’t kening kraaie oer tsjernjende oksen.
’t Is bûter oan de galge. ’t Is neven en fytse, flokke
op smelle brechjes wachtet oktober
en ûnthjit in roerleas bestean. … Lês fierder
Diehard
ik ha om wurdmennich socht
mar swij mar by de stien
en sa te stean hjir noardwestlik
nei it easten alle stiennen stean
ik skriem net om de teksten noch
om al dit granyt lit ik myn trien
en no alle nammen tweksit
út it easten wei gjin wizen gean
ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
dat achterlit as tonkje fan fjoer
rjocht ûnder ‘t ferlitten krús
ik tink mei nocht oan jo himelfeart
mar dat ik as koekje jo droech
brekt my it kâld swit fan út… Lês fierder
Gjin langjen noch praat der fan
Wa’t alle langst opjout, alle bining
oan besit of eigenikkigens, fynt frede.
(Eric Hoekstra op www.ensafh.nl 25 o/m 28)
Do hingest mei de snút yn ‘e sjitpot om
En om lucht ferlegen bist, dat ik slaan
As in ûnbeskaafdenien mei de flakke hân
Rea plak dy op ‘e frêle rêch, in jaan
As is ‘t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk
Jasizze op de earste fraach fan dy:
As ik dy wat freegje mei, mei dat?
Mei fansels, want tsjinakselje ja hoesa
Yn ‘t begjin fan dit loftich petear, op syk nei
De húsfrede en op it kokhalzjen nei fan dy
En trije kear dyn prústen foar moai waar?… Lês fierder
Fryske jonge
Hy stapt by de kroech út ’e bus
in jonge draaft it kuorbalfjild út
want syn broer komt thús nei
twaenhealjier en in stikmannich
brieven út Ynje, in mem dy’t
tocht en sein hat: ‘Dy sjogge wy
net wer,’ krijt op deselde dei
har soan werom as dat se in
suster ferliest, it moat mar sa
treffe, in spandoek oer de reed
‘Wolkom Thús’, 30 april 1950
korporaal …stra swaait ôf
en krijt in pear wike letter
malaria, wat er dokter sels
fertelle kin, want hy hat it
earder hân en tyfus ek
‘Ik wie soldaet yn Ynje’
it fotoboek dêr’t tweintich jier
letter de bern har mei fernuverje
de maten dy’t dêr bleaun binne
de maten dy’t him opsykje
de maten dy’t hy opsiket
nei tritich jier, nei fjirtich jier
nei fyftich jier wize de pakesizzers
nei de wajang-pop op it dressoir
de soldatekiste fol boartersguod
wat er fertelt en wat er net fertelt
of krekt nei hast sechtich jier, de
patrûlje dy’t ferdwaald wie yn ’e
jungle, jonges noch mar amper
oankommen en mei in ynlanner
ûnderweis nei in oar kamp, de
patrûlje dy’t al opjûn wie, mar
dy’t hy, Fryske jonge, mei
allinne legere skoalle en in pear
jier lânboukursus mar wol de
kaderskoalle dien yn Harderwyk
nei fjouwer, fiif, seis dagen, en
nachten, op it kompas
út it oerwâld werombrocht
it hiele kamp rûn út doe’t se
mei in stik burd om ’e kop en
smoarch en ûngedien en mei de
honger yn ’e hals weromkamen
en de heechste offisier tsjin him sei:
‘Kerel, wat ben ik blij dat ik je weer zie!’… Lês fierder