Anne Feddema

Wa’t my foar de fuotten rint

logo.ensafh

Wa’t my foar
De fuotten rint
Lit ik hurder rinne
Hieltyd hurder
Oant se my foarby
Op ’e nij foar
De fuotten rinne
Dan lit ik se
Noch hurder rinne
En gean sels
De oare kant op
Oant dizze lju
My ek wer
Foar de fuotten rinne
Dy’t ik dan
Wer hurder
Rinne litte kin
Sadat úteinlik
Iderien my
Foar de fuotten rint

Dan bin ik op myn bêst!… Lês fierder

Andries Miedema

Teplak

logo.ensafh

De dei wie dien en op dy skiere jûn,
wylst skimer ‘t grien ûntnaam fan ‘e dampe miede
in keppel kij yn dize driuwend rûn,
foel stiltme efkes wei troch ‘t klokkelieden.

Ut ‘t rûge perk naam ik fiif fingers ierde,
woech op ‘e hân as wie it goud de grûn.
De frou dy’t neist my my troch ‘t libben fierde,
oereage ‘t fjild oant dêr’t de kym ferdwûn:

Set hjir ús wente want as moarn de sinne
de greiden gloedzje sil en ‘t libben tiert,
de fûgels sjonge oer it rûzjend liet

fan reid en ‘t hoare boerewurkjen hinne,
stean wy dêr yn ‘t fermidden mei ús plannen
en ‘t honk foar alle tiid ûnder de pannen.… Lês fierder

Koos van der Sloot

Sonnet

logo.ensafh

‘Koos van der Sloot makket keunst fan útsûgde aaien die’t er mei allerhanne objekten gearfoeget ta assemblaazjes. Byldgedichten, sa soe men se neame kinne.’ (Huub Mous)

sonnet4

(foto: Linus Harms)

Op de boppesteande foto is it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot te sjen, it is in ‘byldgedicht’, yn dit gefal in ‘byldsonnet’. Elk aai stelt in wurdlid foar, in lossteand aai is ien wurd, tsjininoaroan pleatste aaien foarmje in wurd fan safolle lidwurden as der aaien tsjininoaroan stean.

Skriuw in sonnet op…

ensafh noeget elkenien út om it ‘byldsonnet’ fan Koos van der Sloot om te setten yn in ‘wurdsonnet’, folslein neffens Van der Sloot syn skema, dat wol sizze hast folslein.… Lês fierder

Koos van der Sloot

sonnet

Cornelis van der Wal

Fansels

logo.ensafh

Hjerstblêden suchtsje: ik kin gjin ljocht mear fine,
mar man dêr is de hjerst ommers foar útfûn.
Myn nije skuon deadzje by elke stap lytse dieren,

dat is it lot.

Soe ik no stjerre, it koe my neat skele.
It is foar famylje en freonen dat ik der bin.
En fansels foar de Fryske literatuer.

Klik hjir om it gedicht út ’e mûle fan ’e dichter te beharkjenLês fierder

Rein de Lange

thúskomst

logo.ensafh

                                                  foar Saske

it eilân slacht har doeken ôf
byt parten út de kim
tichteby leit hjir myn memmelân

de stjoerman ropt om alle hens
strunende skuorwinen meitsje
dit sicht suver huverich

ik kin har hast reitsje
mei myn hannen, hast
har teare holle tútsje

dochs in izige ûnrêst
ferwûnet it paad
blyn farwetter foarút

soe har werkenning
noch knypeagje nei my?… Lês fierder