Ruurdtsje de Haan

Libbensbeam

logo.ensafh

 

Soenen se wol witte wolle
wa’t hjir my is yn dit hearehûs,
de wite ingels yn wifelljocht
mei it lege buordsje neist de doar?

Yn de kelder fyn ik gjin gehoar
mar frjemde tikken op ’e estrikken,
fjouwer doarren en ien derfan op slot,
skoftige skaden op griis granyt.

Boppe wennesto, yn kjeld en spyt
moat ik trije slingertreppen gean
en kin dy nea ferraskje, hymjen
op de eftergrûn fan ús gepraat.

Nei ûnderen bin ik op ’en paad
troch de jellengongen nei de hal.
De doar is breder as in deakiste,
in libbensbeam groeit út it rút.… Lês fierder

Anne Feddema

Dea lâns de dyk 1

logo.ensafh

 

Foar Drs. P. (1919-…)

We ride
Troch Ruslân
Yn in bus
Earne yn ’e ‘Gouden Ring’
Tusken Suzdal en St. Petersburch
Sit ik haha mar mei dy aap
Dat lilke ding
Ik ûntkom der net oan
Dan flitst eat foarby
It liket hiel gewoan
Tusken dream en bjirkebeam
Foar it rút fan ’e rjochterkant
Minsken yn fleurige klean
Se steane ticht by elkoar
Dat is no net mear ferbean
Mar wat hie ik sjoen?
Mei dizze eagen
Draai film fluch werom
It wie de dea op skreagen
In kiste mei in lyk
Samar yn it sicht
Samar lâns de dyk
Man, frou
Jong, âld
Ha ik sa gau net sjoen
Lokkich is it net kâld
Lichem kin maklik yn ’e grûn
Men hoecht net te hakjen
Dêrnei sille se grif drinke
Ite, miskien fan boarden
Ea noch kocht yn
It Paradys op ierde
Yn Moskou
It warehûs
Goem.… Lês fierder

Koos van der Sloot

Oeraai

logo.ensafh

 

wy wienen manmachtich
sa fier it each rikke koe
widzjend op ’e weagen

om ús hinne
waard it stadichoan
rommer
waard it stadichoan
hiel leech

allinne fierder

doe’t ik oankaam
bliek de ein
– it begjin

doe

Titel: ‘Doe’
Keunstner: Koos van der Sloot
Fotograaf: Linus Harms
Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Safety Zone

logo.ensafh

 

ûnder de spjêren en iepen nuddels
krigest de dreen oan dyn búk
soerstof rûnom en al dy bije miezen
tsjin de ruten mei in snaffeltik

dream mar lekker sliepende prinses
hjir stiet gjin tuter foar dy ynspand
mar in sleper troch dyn koma hinne
wat in skande is; ek dat it sta seit

en wilens betink ik in goocheme trúk
om dyn wil te litten wat er is
flechtich as it gas en fergees hast… Lês fierder

Geart Tigchelaar

De beam

logo.ensafh

 

herinnerst dy dy beam
yn ’t lân achter hûs
mei touwen en in planke
skommelen w’ de simmer lang

âlder waarden wy
it boartsjen waard tútsjen
wy fersprutsen mekoar
tûken hongen djip oer
ús beskûl yn elkoar

triennen yn fjouwer eagen  
nijbou easke omseagjen

leechte follet it fermiste
de tins bliuwt hingjen
yn ’e swietens fan it lok
herinnerje dy… sa ek my… Lês fierder

Heidi

Barnstien

logo.ensafh

 

yn skom bebêde leit it dêr,
fersmiten hast, oanspield
bewarre ljochtfang út djipten wei
fan ivich weagjend wetter

wûnfocht út rûzjend baltysk grien
ferstienne yn syn tiidsferhaal
omwinteljend yn tsjusterens
bereizget sâlte grûnen

trochsichtich goud, omsletten
stjurre libben dat brâning socht
en ljochtomspield klear tsjûgje wol
fan ûnbeslipe skjintme.… Lês fierder