Eric Hoekstra

De Fryske Buddy

logo.ensafh

 

It is in skriklik ding en wês
buddy fan in aidspasjint, lês
boeken dy’t er skepsum skreau
foar’t er yn Amnesia bleau:
coke dy hold him oan de lijn,
bondage fûn er tige fijn.

Fan ’e hichten en lichten fan ’e geast
is er stammerjendewei fertein.
Werom op syn taalyntymst domein
socht er yn ferjittelheid treast.

Noch resitearret er in pear sterke stikken
want identiteit wurdt stal jûn yn ferhalen,
mar op it toetseboerd fan geast is net te tikken,
it bliuwt by jammerdearlik rûge halen.

Sjedêr op dy scan ferfykt it mês
fan sykte sel, ferhaal, identiteit.
Alderiensumst is de opdracht en wês
freon fan heit-en-memmy’s sike taal.… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 8

logo.ensafh

 

Dit is de achtste ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2, 3, 4 , 5, 6  en 7 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Piter Boersma

it ûnkrûd

logo.ensafh

 

men moat it mar treffe
útsiedde op dit plak
bin ik ûnkrûd wurden
ta weismiten keard
mar stean bleaun

ticht tsjin in akelei oan
dy’t er stean liet
omsylde de skoffel
ek ûnbedoeld my
skeat ik omheech

de goaden fersykjend
noch altyd net sjoen
stean ik yn bloei
draach ik aanst frucht
wa wit wa wit… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 7

logo.ensafh

 

Dit is de sande ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2, 3, 4 , 5 en 6 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Pier Boorsma

Bohemiens

logo.ensafh

 

(yn ’e trant fan Obe Postma)

Theun de Vries woe hawwe
de Fryske literatuer soe bohemiens
brek wêze

De Fryske dichters Cor en Pier lykwols
ha wol aan hân fan de nachtside
fan it bestean

As hja harken nei de petearen
fan skoftsjende huorren
yn it Land van Belofte

En ek it kwea
yn syn omgongen en trochtochten
is har net alhiel frjemd bleaun… Lês fierder

Andries Miedema

De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set 6

logo.ensafh

 

Dit is de sechsde ôflevering fan de foar in part op rym sette ferzje fan J. Slauerhoff syn ferhaal De laatste reis van de Nyborg. Andries Miedema hat hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De ôfleveringen folgje it oarspronklike ferhaal gronologysk. De eardere ôfleveringen stean op ensafh 1, 2, 3, 4 en 5 (sjoch Argiven).

De auteur seit oer it ferhaal en syn wurkstik:
‘Slauerhoff hat in prachtich n spannend ferhaal skreaun oer in bark mei in bysûndere lading en in bysûndere kaptein en bemanning.
Lês fierder

Edwin de Groot

Ald reed

logo.ensafh

 

Wêr‘t deis it lûde libben swetst,
Giet no de rouwe om en etst
Har swijend silhûet
Ut “Skaadbylden”, Sjoerd Spanninga

 

yn ’e naalspjir de útbeitele nammen fan de boeren
witte dat nei de wurksume libbens de alpinopetten
oan ’e spikers oant ta stof
hwent stof bistû en ta stof… ek it reidtek

fol gatten sa as it útlibbe taffelskleed
dêr’t beppe yn har lêste argeleaze jierren de ynbylding
stânfêst út wei besocht te poetsen

it hûs kreas pandutsen wer
en de straksunich golfplaten skuorre
bekt allike wreed
as de ferkavele bunders der omhinne

dêr’t lân is is oarloch
kear ik om in frjemdling… Lês fierder