Bartle Laverman

Tory Island 1

logo.ensafh

 

Tory Island 1

nim it byld
fan de Wanderer
heech yn de bergen útsjend
mei de rêch nei dy ta
ien knibbel bûcht
yn in hâlding as wiene
de snie beskûme koppen
trochhimsels makke
sa leit dit eilân
foar de kust
net sûnder libben
of soargeleas:
elke jûn ûntstekt
syn fjoertoer de ljochten

de woede fan it wetter
oanboaze fan de wyn
of har sachtsjes aaikjen
nei safolle ieuwen wol bekend
sljochtwei in âlde man
mei tipelsinnige ideeën… Lês fierder

Date Salverda

krystgedachte

logo.ensafh

 

in protte minsken dy’t
dit jier kryst fiere,
sille de folgjende kryst
net mear helje

no ite se noch lekker
fan kalkoenen en bargen,
takom jier binne hja de proai
fan wjirmen en maitsen

sa besjoen soe elke kryst
in bytsje freedsumer wurde,
as der mar gjin berntsjes
berne waarden… Lês fierder

Edwin de Groot

Bob Dylan song it al

logo.ensafh

 

To know the change and feel it….
John Keats

I.
Unlân

Elke woansdeitemiddei wie it oarloch.
Fochten wy as liuwen en
mei de fjurrenhouten mitrailleur, made by Heit,
waard de lânseare ferdigene.
Mannich MAVO-genoat sneuvele.

Us slachfjild wie learzens fol wetter,
drek oant yn ‘e naad en nei elk syn weropstanning
stjonkend as murden wer op hûs oan.
Nei memmen suchtsjend mei de Biotex.

II.
Bedrijventerrein-West

Fan kante mûlen ribbeltsjekarton
liplês ik fonkelnagelnije neonnammen.
Trochride no, wylst op ‘e autoradio Piet nei
“Times they are a-changing”
de winter (it neamen net wurdich) út febrewaris snijt.

Woansdeitemiddei is ATV. Is mei de hûnen deidievje
yn in hoekje bosk, dêr ‘t se noch los meie.… Lês fierder

Antje van Schepen-Koopmans

Thús is thús

logo.ensafh

 

Werkenne,
weromfine,
hjir by it Van Harinxma

Jûns, middeis,
as ik hjir rûn,
fûn ik
mysels werom
by de pleats oan it Margriet

De stêd, thús,
Mar it sicht op ‘e romte.
Thús wie noait fier fuort.

No, op it doarp,
sykje ik op ‘e romte,
nei wetter, sa breed,
merkels en reiden,
dy’t yn’ e skimer
weagje, waaie litte
alle drokte

Thús

Sykje is weromfine
mar thús is thús… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Touch you with my Arrow

logo.ensafh

 

Do ferskynst op it folle skerm
Och mei bytsje klean noch oan
Nachts mar ek earderoan jûns
Nachts dat ek letteroan moarns
As ik de sliep noch net slept ha

Myn pylkeach sjit sa de kem yn
Asto ferskynst op it skerm -it
Read hier krekt kjimd en wosken
Is en los dy om de holle hinget-
En my it wrâldske reach ynspinst

Ik jou myn stim oan logitech
Kin sa dyn sang op- en dellade

Leaveling lokkeding fan it hert
En myn taprater by de brinta
Asto ferskynst mei fan dy lea-
Vige rûskes oan ’e skeamele
Jûp en ik dy yn dyn spegel stean
En dy mei it mûske neigean

Dan reitsje ik oan it kliuwen
Yn in kleaune reavensnacht… Lês fierder

Hein Jaap Hilarides

Hest hêst

logo.ensafh

 

Alle spoaren binne doadlopen in ’e seumer.
Ik wor woest fan ’e son die’t weer leger staat.
En ’t foetbalsesoen dat begonnen is om pionnen
Te fersetten foor kondisy, longinhoud die’t fort is.
Hoe sil ’t gekke leven ’t gekke leven ôfswere at
De maan rônd is as ’n tyt, de dâg hyt en de nacht koel?
Ik dink in eeuwigheden. Ik bin foor nou
Altyd an ’e gang.

Ik jaag de sesoenen op.
Appelbloesems ferdriif ik met sneeklokkys, de kouwe
Oastewyn driif ik met ’t hôndsdageweer foor my út.
Knoppen, blommen, fruchten, dooie blâden.
De maan giselt om ’t huus, in ’n slaapsucht,
Fan oast na west in ’n heldere sterrelucht.… Lês fierder