Ovaal is it nei-de-haventeken fan de ierappel.
De Súd-Amerikaanske, medisinale soarte,
yn Ierlân in amulet tsjin de god fan de honger,
wy offerje dizze knol oan de god fan de see.
Wy jouwe him oan ’e koggen mei,
dollers’ gebeden om heil derachteroan
foar de slimste korrupsje hjir: stikkene knibbels.
Longen, oantaaste troch opstowend stof,
komme oan ’t begjin fan ’t earste fjild
op gong as in foaroarlochse trekker.
Myn neilen hawwe respekt foar de ierdwoartel,
myn hannen kegelje dermei tusken de riggen.
Dit seekritelân mei syn ierappels yn ’e drek
lês ik noait oars as in wjerspegeling
fan see yn ’e stringen.… Lês fierder