Meindert Bylsma

Pake

logo.ensafh

 

Yn ’e kûveuze fan ‘e tiid,
as in gladiator yn ‘e aow,
fjochtet pake tsjin ‘e ynfaazje fan ’e eksoaten.

Mei broeikaskobben op ‘e siele
wiist er syn pakesizzer it paad fan no nei doe:
“Hjir wie de bulterige seize, dêr de skeane five.
Hjir siet pake efter in hikke
en dêr, dêr’t no dy reade paprika leit,
siet doe in ljip te striesmiten.”

Betondike, as by in fiadukt, rinne de paden
fan no nei doe, fan doe nei no,
fan ûntheistering nei fernuvering,
oer elkoar hinne: “In ljip pake,
is dat itselde as in soarte fan batterijhin
en wêrom smyt sa’nien mei strie?”… Lês fierder

Elmar Kuiper

afterparty

logo.ensafh

 

ferlit dyn plak
draach de nacht oer
oan in iere fûgel

lis de klean
dimmen
op in protsje

sis aai poes
streakje
de stiknaden
sêft

ferjit net
wat útstrieling
docht

lekker koese broek
lekker sliepe trui… Lês fierder

Elmar Kuiper

wy geane fansels kapot

logo.ensafh

 

ik kin it libben der ôfswitte
ûnnoazel dwaan is gjin keunst

as in lilke ome willem
sit ik fêst

ik bin net dreech
hjoed meisto my leaf ha

myn hannen gûchelje hurde
huffen út ’e knúst fan it wurd

joepie de poepie komt
sa ynfantyl oer fynst net?

ik draach in lilke pet
soer sjen kinne ús lûden net

hymje mar

hjoed meisto my leaf ha
dreech is it net

wy geane fansels kapot… Lês fierder

Albert Meijer

romte

logo.ensafh

 

Wite tsjerke, ik wol dy ferruilje
Mei in normale brune.
Wite ko. Krij stippen!

Blauwe giele reade hûzen,
Jim frjemde kleuren fei ik fuort mei myn teisters.

En myn trage romteskip bommelt troch it grien.… Lês fierder

Abe de Vries

Hortus Sanctae Maria

logo.ensafh

 

I

Tusken ferdwûn Gerbranda en faai Ropta
leit it oait achtslein wûnder fan it mûntsjelân.
Bûtendyksters panderje yn roudoek om:
oranjebesnaffele silûetten yn ’e Kegen.

Jou no jo ear, by eartiids dit Getswerdersyl,
oan ’e waadwyn syn tryst preekjen
oer it Winaem fan Tsjits fan ’t Nijehûs,
it fergean fan mannich ding fan wearde –

sa hâlde wy it betinken en it leedomsizzen
yn eare. Foar loft en lân aloan ús gean
jûns let fan doar nei doar yn ’e bedelte,
tsjin kassen en gas- en sâltwinning,

en hoe nulleskerp stekt de bling-bling der
regionale ekonomy al ôf tsjin ’t ûnmachtich
ferset, dat mear strânljippen garje wolle soe
foar in militante gearsit oer it ôfjit.… Lês fierder

Rein de Lange

Wite thús

logo.ensafh

 

se skillet my, ik wachtsje
skril yn myn wite thús
smetteleas fonkelje de ruten
myn tún jit keal, fûgels
fleane boumateriaal byinoar

har blauwe eagen
gripe myn lea fêst
ik stjoer har hannen
kuolje myn tinzen

lit it momint ferrinne… Lês fierder