Se sieten bij de tafel
en wa sei it
– heit, mem, Foekje sels? –
miskien ha se it allinne mar tocht:
DÊR WURDT NET MEAR OER PRATEN!
Mar lit mij, foar har,
iens en foar altyd dit sein ha:
FUCK YOU, FANNY!
Keninginne, koest it net ferneare
dat ien flugger
dat ien út Fryslân
dat sa’n fanke út Boerum dij…
FUCK YOU, JAN TOO!
Wie dat dyn idee, dy test?
Hast it net keard yn elk gefal.
Der waard net mear oer praten,
mar soms fleagen skûtels troch de loft…
Foekje, ús Foekje!
Do koest drave, fanke, drave!
En rêst no mar,
foar ús bisto dy Blankers foargoed foarbij!… Lês fierder