Jelle Zwart

Troch de iene

logo.ensafh

 

En it kaam
oer my
dat myn ferstoarnen
fan it lêste jier
rûnom my stienen.

Seinen, soademiter
op do libbest noch.

En ik net
de swarte plastic
pûden út de
Libanon, fan
Pangandaran
yn kûlen lein.

Fan myn netflues
krije koe. Net
it sacht flanel
fan treast, it
ivich libben.
Net de hurde
bjinder fan dea
= = dea.

Seach lang
yn ‘t ljocht fan
felle sinne, oant
swart in skerm
oer myn eagen kaam.

Op it kante grien
fan myn floeiblêd
skriuwt
it andert ea
yn wyt.… Lês fierder

Jelle Zwart

De wite hoed

logo.ensafh

 

Stil leit de wite hoed.
Dûnset, sweeft of
farkelet net fan ‘t wetter.
Hoedet gjin holle,
heint gjin gûnen
foar muzyk.
Smoarget net.

Leit op huoddeplank
en rydt sa troch de stêd.
Dêrhinne, lâns de âlve diken.
Lichtet kwier himsels
foar kreaze froulju.
Somtiden mei in glimk,
in âld en eptich minske.

In bleate holle efter it stjoer
fynt paad. De wite hoed
syn master.… Lês fierder

Ate Grypstra

Besite

logo.ensafh

 

in huvering lûkt troch de bosk
it wetter wurdt spegeljend flak

gjin fûgelflecht mear no, in mosk
sit triljend yn it fearrepak

wa rint dêr troch it blêdedak
wat dûnset dêr om op ‘e mar

it spoeket

            in skym

                        seachsto har… Lês fierder

Jelle Zwart

It hat sa west

logo.ensafh

 

Fan hynderterpen
de droechten yn folle see
faai heech it wetter.
 
 

In fynst fan minsken
oars foar ‘t ferstân de happen
misbegryp op ‘t Waad.
 
 

Technyk har brekken
natuer har oare wetten
gjin fan beide ‘t paad.
 
 

Seis hynderfroulju
fan âldtiids de ynstinkten
har dyk ta behâld.… Lês fierder

Edwin de Groot

Us heite soan

logo.ensafh

 

 
 
 
 
 
Omsjen

Fier fuort de lannen, heit
nea kurven yn dyn hûd
mei oasten núnderjend
oer omfierrens wei

Ik ets bast en beam yn my
nim dyn skruten hert en
winskje dy
eagen yn de oseaan en wjukken út fuotten fan klaai

De beam ferjit ik net

noch de goede grûn

Und aus der Erde
    singt das Kind

‘Spieluhr’, Rammstein

 
Oanheie

Sjarmeur út oare oarden
lûkt oan myn houten ankers
leit de line om it hea
dat ik al rûk sûnt de bjist

Moatte de staken yn ’e swette
it pealwurk ferseage

Doare hat ferlet fan toasken

Nee,
ik bin myn slaai

Lês fierder
Jelle Zwart

Fakuüm

logo.ensafh

 

Hoe koe ik mei
myn stomme harsens
fjouwer wynflessen oanbrekke
wylst ik mar twa fakuümkoarken
ha?

Hoe yn de oerdied fan fjouwer
krystdagen yn 2006 nei
Freek net it tafal
treffe hjir it andert op
te finen?

Wêrom sleepten myn skuon
troch it gers yn de tún
fanwegens stront omt
kleed by efterdoar al
smoarch wie?

Wêrom komt der diskear
gjin wetter út de kraan
kin ik myn hannen
net waskje, is myn broek
te goed om ôf te feien?… Lês fierder

Jelle Zwart

Fakuüm

logo.ensafh

 

Hoe koe ik mei
myn stomme harsens
fjouwer wynflessen oanbrekke
wylst ik mar twa fakuümkoarken
ha?

Hoe yn de oerdied fan fjouwer
krystdagen yn 2006 nei
Freek net it tafal
treffe hjir it andert op
te finen?

Wêrom sleepten myn skuon
troch it gers yn de tún
fanwegens stront omt
kleed by efterdoar al
smoarch wie?

Wêrom komt der diskear
gjin wetter út de kraan
kin ik myn hannen
net waskje, is myn broek
te goed om ôf te feien?… Lês fierder