Stobbewylch ik
kâldkreakjend myn hout
dôf fan jannewaris
(ûn)heil
Rêd as de wyn
wiskest oer finneraai
myn tûken meitsje
gjin seil
Yn ierde en oer
woartelstobbe ik
weidzje it fiterjen
efternei… Lês fierder
Stobbewylch ik
kâldkreakjend myn hout
dôf fan jannewaris
(ûn)heil
Rêd as de wyn
wiskest oer finneraai
myn tûken meitsje
gjin seil
Yn ierde en oer
woartelstobbe ik
weidzje it fiterjen
efternei… Lês fierder
Hy die syn jas
en frege kapstok har
te dragen.
Hoed sweefde fierder
oer ‘t grien tapyt en foel
yn sliep neist ivich moai in liif
dat har al deljûn hie en net mear
fan syn dreamen wist.
De oare deis
waard wekker. Hong sinne
efter grys it kleed.
Sweefde fierder wite hoed
oer ‘t grien tapyt op siik nei
wat ier opstien wie en efter
in feal gerdyn ferdwûn.
Fan deade dreamen makke.
De jas tsjin kjeld
útrêst fan de kapstok
droegen, rôp hoed.
Swalken rûn dampeal
op it leechlân ta. It grien
tapyt de hjerst út nei in
waarme winter.Wêr… Lês fierder
Salvjend hingje
krúsdragers
tusken skiere els en esk
Mar wiidflechtich past
dyn sigenliif
it bêst
Wei fan
eilânsk bosk dêr’t
dea omwaret yn meartal
En do, hazze
witsto fan siden tried
as houk dy sjocht
Hy monark
do liifeigene en
fretten foar keningsbern
Oer de grêften kom ik net
lit de spoaren oan âldboers kij
myld hat fjoer nea west
Brekker fan flakkens
jout prachtich lân… Lês fierder
(parody by filmke
fan Marc Kooij)
Do witst niks mear
Nee ik wit neat mear
Hawwe jimme rúzje hân?
Ja, se is fuort!
Hoesa fuort?
Ut de hûs wei rûn!
Samar?
Ja, se is fuort!
En no witst neat mear?
Se is fuort!
Wêr is se no?
By Teake!
By Teake?
Ja by Teake!
Dochs net by..?
Nee dat net!
Bist lilk?
Ja!
Op dysels?
Ja!
Wolst in tút?
Ja!… Lês fierder
Bek dy’t goud
earen en sliepkeamer
yn sjongt, nacht stiloan
útklaait, blau
de moarn wekker skoddet.
Oant se der wer
steane: de beam, de wite
hûzen fan it hofke,
de skeane skoarstien,
de simmerstoel op it balkon,
de skonken njonken it bêd.… Lês fierder
Het is het lichten van de zee,
Het is maar de zee, die licht?
Jacqueline E. van der Waals (1868-1922)
Dyn tij lit it op de râne fonkje
spielst oer dek en roef
baarje tsjin hout en
wurksike naden
Ik in skip
Kinst my brekke
Of bin ik skûte
én seeman
In seeman fan sân
bin ik
helm en swurden poetst
de skulpen fan de lûken
Yn dy sile
En dan sjonge
sjonge út sâlte brevieren
it is it ljochtsjen fan de see
it is mar de see, dy’t ljochtet?
Ik sânje dy… Lês fierder
fier foarby de ferwachte sinne brekt
in barren iepen, slacht de izeren wolk fjoer
knappe lâningslampen stikken boppe
it krekt ynsiedde fjild mei nij libben
se ferlieze hichte, harren loftskip warber
op de fideofilmkes dy sy jit bewarret yn
beskreaune doazen ûnder har kant fan it bêd
reaget de loft fol stof fan dit twasidich ferline
de ballon brekt iepen, twa parten fjochtsje fûl
de tredde wurdt út it each ferlern
stiet oan de sydline en lit nijberne triennen
rinne, in ûnderstream kuollet syn namme
allinnich, ropt de iensumens op yn oerfloed… Lês fierder