Albertina Soepboer

Altyd wer dûnset myn hurde maart

logo.ensafh

 

Wat ik net staverje koe: de graffiti op in muorre
de kofje yn ’e trein, dyn hannen dy’t yn in letter
jier komme soenen en ik frege my oan ien tried wei
ôf, gliidzje ik fan de dagen ôf, hat immen it ljocht

betocht of bin ik sa mankelyk as de hûnen yn it A-
kwartier dêr’t de maartske moanne trille op it punt
fan nachtenlang âlde fuotstappen telde ik sa fan ja
ik bin net lokkich, ik bin de wyn, ik bin it lêste punt

no bin ik wol âlder, no fiel ik krekt dyn hannen, no
bin ik langer, wizer en tryster, sadder though woman-
like, ha ik de djipreade lippestift en wit ik wol hoe’t

ik dûnsje sil as de planeet yn myn palmen raant en ik
tink altyd oan dy, altyd oan in oar, oan dy dy’t ek sa
dûnset op it hurde ritme fan ’e platte ierde ûnder ús.… Lês fierder

Bert Kobus

Op in studintekeamer

logo.ensafh

 

Dat in minske alles ferlieze koe,
safier wie ik net west

Mar ûnder it daksrút
begroete ik de stjerren
en skrok fan myn eigen stim

It wie trije oere nachts
It lûd fan tillevyzje
lytser as de stilte
It tsjuster grutter as it ljocht

Nea dat op my wachte
sels gjin leechte mear… Lês fierder

Jelle Zwart

D’oare kant

logo.ensafh

 

Myn libben
soe net sûnder
Skylge kinne
dat plak oan
d’oare kant.

Dat rûnom see
harsels, mysels is.
Dreamen op
de kadekant
dy as netten droechje.

Myn boaten
yn de brâning,
ik sjoch net
efterom, mar lis
myn wraksel del.

En fyn yn ‘t
helmgers rêst.
Lit wolken driuwe
as ‘t skip dat
hûs ta bringt.… Lês fierder

Jelle Zwart

Fjouwer pylders

logo.ensafh

 

Jûn komt
oer sinne.
As gjin ljocht
mear skynt,
hâldt fêst
doch net út.

Bewarje ‘t skimerskynsel
fan wat net is.
Weagje ‘t tjuster
as it ljocht
dat gjin is,
doch net út.

Nip de râne
rânerûn de nacht.
Priuw ‘t as âlde jenever
ten earsten hieltyd.
Rin de râne rûn
en wachtsje op.

Nim dan slok.
Net troch drinken
dochs te nippen
oan it tsjuster,
wêryn dyn hope,
dyn neuksel
ferburgen lei.

Om’t fjouwer pylders
fan sjippestien, moarns
myld te wachtsjen stean.
Weagje.… Lês fierder

Edwin de Groot

Jong fan geast

logo.ensafh

 

De middei is healwei
de knipperkes dien
‘t is tiid foar tee tsjettelfol

De sliep hat it net ferdreaun
de jacht op doedestiids
dreamen tewekker gelyk

Yn har eagen in simmerjurk
it dûnsjen op freedtejûn en
dernei tútsje op ’e hoeke

En winterdeis swart iis
pronkride op de baan by skimer en
de rook fan waarme poeiermolke

Hja fielde him dwerstroch
syn leaden jas hinne
wylst izer it wetter bruts

De middei is healwei
it dûnsjen hâldt net op
de baan is fan har… Lês fierder

Edwin de Groot

Ferekerje

logo.ensafh

 

….winter, wen aan dat woord

C.O. Jellema

Slûpendewei wurdt it ekerlân bút
fan wytgrús gluorjend yn de fuorgen
in loft dy’t izich swart
syn fracht oanseit

In heiljacht lit it kreakje
skulpen op ruten en fûgels
te klomsk om har noch
tsjin de wyn te kearen

Myn hûd is net in jas foar de winter
foar skaad hast te tin
stoot dyn swijen
as snie troch de seamen… Lês fierder