Jelle Zwart

Mobyl

logo.ensafh

 

as ik myn hân net
beweegd hie
fiter fan myn skoech
net strúst
holle net keard,
ik hie dy net sjoen.

net it read koper
slein mei gloede
fan hertstocht, ‘t wie
net byelkoar kommen
wat fruchtber wie,
net werhelle.

it tij fan see
it triljen fan blêd,
gearfallen yn
oersichtlike mominten
it fêsthâlden
fan lok yn wurden.

wylst barren
en dwaan krúslings
troch e-mails
wrâld befleane
hastige minsken
harren tiid benimme.

fyn dan dyn plak
tichtby hûs ûnder
de krúsbeien, wêr’t
krobben mobyl
net eine, dyn klok
stilstiet yn beweging.… Lês fierder

Hakan Jörder

Duvelsrit yn de krystnacht

logo.ensafh

 

Wylst ik oer de sneldyk wiskje
Sjoch ik hommels rjochts in auto
Mei dêrop sa’n eachleas fiskje.

De bestjoerder gappet my nei
Ferjit syn hjerring, poan of blei.
Gjin idee wêrom’t er sa sjocht,
En by it talud op fljocht.

Ik tink noch: minsken, ’t is wol tryst
Samar dea, de deis foar kryst.
Dan jou ik gas, ferfetsje myn reis.
Myn kenteken is seis seis seis.… Lês fierder

Edwin de Groot

En de yak sil de yak bliuwe

logo.ensafh

 

Soe hy it sjen dat út my
leaden diggels drippe
oplosse yn wyt goud
dat skaaft en skrynt

Dat baarnt as de wyn it
raamt en mei sâlte
twirren my de eagen
ûntfytmannet

Fielt hy dan net de ile lucht
út einlûden dy’t mei
nullefingers ropt
nei raubleat fleis

Ik sjoch him net riljen as skodzjen

Hy wachtet op my
op myn sâlt en dat
moat ik garje
ik bin de sâltman… Lês fierder

Yva Hokwerda

Leafbeammen Skylge

logo.ensafh

 

1.

Wyn fan west nei east wisket en it strân jaget dy ien kant op.
Werom kinst inkeld yn ’e lijte dêr’t it dúnet,
mar oaren bin’ dy dêr opmurksum.
In tûke slacht dyn each op blyn begeanber paad
en dit eilân ûntfytmannet dy de wittenskip fan de twadde beam,
mei triennen. Wriuwt de sliep fan foar- en neiferjitten út.

Fan kommende omfal, en wat it dy koste om fan in jonge wylch
dyn twigen te ferflechtsjen ta it skerm njonken de woartels
fan ’e iik. Waans skaad te swier wurdt.

Betinkst dat de wize frou trije leafbeammen neamde.
 

2.… Lês fierder

Edwin de Groot

5 april

logo.ensafh

 

April 5th
Talk Talk

Here she comes
Silent in her sound
Here she comes
Fresh upon the ground
Come gentle spring
Come at winter’s end

Nij mei ljocht en lûd begjin ik
in perpetuum mobile
fan de fjouwer tiden
nei it skynt

Yn elke sike kym en ein
komt, sjocht net werom

De longen fol mei de lucht
fan de gersmoanne
en ynhâlde
by alles wat komt

Let me breathe
Let me breathe the colour of spring
Lês fierder
Edwin de Groot

Ritich

logo.ensafh

 

Ik bin de heuvels en falleien
dy’tsto bekrûpst mei floeiend liif
hoassokjend oer de simmergrûn
basalt in pels

Sa klien en linich as yn de sinnetiid
sa swier slûpst yn de lange nachten
as brekkend diggelguod troch myn tûken
om del te saaien as in fûgel fan iis

Bisto wêr’t ik op wachtsje
om myn leaten oer te jaan
oan dyn riten fan skossen en jiske

It ôfstekken is dyn antwurd
ik goai myn lân los
ekers moatte wer bewoeksen… Lês fierder