yn side 29 fan de nrc sit in tegelgrut gat
dwars troch de tafel hinne
in famke yn in swart T-shirt
sjocht mei iepen mûle
nei in wite knyn
of wa wit nei grize planten of sa
yn har swart mei wite tún
fjouwer pianofingerkes op ‘e foarholle
in haadletter S fan hier rjochts fan de skieding
(links foar de bûtengatske waarnimmer)
drapearre – ja sa liket it echt –
oer in skouder dat sêft wêze moat en waarm
sels yn dy swart-wite wrâld
oars kin ik ek wol oan allah leauwe
of oan swevende sinezen sûnder swiertekracht,
oan spontane generaasje of flugger as it ljocht
en om it gat hinne stiet skriuwen
oer dat it famke
skriuwt oer minne en mûning,
oer slange en ierde en oer
en oer snakken naar kruisbestuiving
ik mei net sa grut wêze
grutter as tegelgrut bin ik al
mar wie ik in wite knyn,
no, dan wist ik it wol… Lês fierder
Fersen
Soan
it bliuwt ûngewoan
troch de eagen fan myn soan
sjoch ik mysels oan
(senryû VII)
Foarst fan ’e nacht
it is nachtfroasttiid
wolkens stoarmje lâns moanne
myn siele streamt mei
(haikû V)
Betiid
it is te betiid
om my no al út de dream te draaien
en myn plakje yn it radarwurk te besetten
yn dizze kokon, fjouwer heech
efter dekadint fersliten kleden
fiert it oerwûn fakuüm feest
wyld faleriaantreksel wurket út
tusken beide earen brekt
eltse tinzekronkel iepen
mei de nacht dy’t my op reis naam
nei nimfen betsjoenend op it dûnsdek
rabjende seelju oan ’e swier
yn moarnsrûzen falt de wjerstân fuort
stjit ik it oertallige wer teplak
bleau noch efkes lizzen
ôfknapt wurch betink ik my:
it is te betiid… Lês fierder
Sa kin it ek
op in ôfhandich fytspaad
waard in al wat âldere frou
troch in jongbaas fan ’e fyts lutsen
en de boskjes ynsleept
dêr waard hja brút ferkrêfte
doe’t de dieder paden makke,
helle de frou har slipke út ’e mûle
en rôp him oandien nei:
moarn selde plak, selde tiid?… Lês fierder
Alwer in Doede
Fan ’e moarn alwer in Doede,
alwer in Doede op ’e dyk.
Leave skat, der bin’ tefolle
Doedes yn dit keninkryk.… Lês fierder
Ad patres
Lyklama is dea,
wat slim, tocht ik doe’t ik it hearde,
dat earme mantsje
nea sille wy him mear fytsen sjen
of kuierjen
mar doe’t ik der wat langer oer neitocht,
tocht ik: elk hat syn tiid
hjir op ierde, dus ek Lyklama
it moast der ienris dochs fan komme
en Lyklama hiene wy sa njonkenlytsen
wol faak genôch sjoen
yn it doarp, mei syn grize prúkje
en swarte brultsje
noch wat letter kaam it ynsjoch
dat it goed is dat Lyklama
fan it ierdske toaniel ferdwûn is
it hie ommers safolle minder kinnen
je moatte der net oan tinke
as dit mantsje ús noch jierren
foar de fuotten rûn hie
no binne we fan him ôf,
lang om let,
definityf,
hy komt nea wer werom,
gelokkich
stek de flagge út,
priizje God yn ’e himel,
ûntkoarkje de wyn —
Lyklama is dea… Lês fierder
Dance macabre
Hoe’t it wie? Ach, wat sil ik sizze, bern?
Hy die oars net as my op ’e fuotten
traapje mei syn grouwe bonkepoaten!
Wat seist? O, dus wat him oangiet wie it
ek de earste en de lêste kear? No,
ik kin der wier net rouwich om wêze…… Lês fierder