Edwin de Groot

Boaledea

logo.ensafh

 

Lost Words

Oer wurden dy’t yn it proses fan oersetten ferlern geane; it saneamde Lost In Translation. Dat wie ynearsten de opset fan it projekt mei de namme Lost Words. 16 wurd-en byldkeunstners binn’ dêr oer teset gien, mar lieten har net beheine en “de scope” is aloan grutter wurden; omtinken foar de kontekst, foar wurden dy’t yn ûnbrûk rekke binne, troch de tiid ynhelle, wurden dêrts’t net opkomme kinst en de spanning dy’t dat opsmyt. De keunstners geane der allegear op har eigen wize mei oan de haal en wat dat opsmiten hat oan meartalige wurken foar oan de muorre, gedichten, objekten en wat al net is fan 8 april ôf te sjen op De Gerdyk by galery Nynke&Blom oant en mei 23 april en dêrnei yn galery Weerdruk yn Amsterdam oant en mei 21 maaie.… Lês fierder

Piter Boersma

geheimen

logo.ensafh

 

 

 

 

I

ik wurd oanlutsen troch wat my noch frjemd is
sa ha ik it tarotspul ta my nommen
wylst ik no mei de i ching op ’e bank lis
om mear oer mysels te witten te kommen

II

nostradamus hâlde it by in kwatryn
fassinearjend wat de man dêr yn dellei
ik my lyksa oan dy fjouwer rigels byn
myn eigen geheimtaal sa sjoch ik der nei

III

yn ’e tún ûnder de nachthimel toevje
my fludds wurd en kiefers keunst yn ’t sin bringe
hûnsstjer en hûnsblêd oaninoar skroevje
de myte mei in goed glês wyn byminge… Lês fierder

Anne Feddema

It moat oars …

logo.ensafh

 

 

 

 

It moat oars …

God, de barokke
Yn ’e Katedraal
Fan Malaga
Soarget goed
Foar elk minske
Ik sjoch in wûnder

Fia Spaanske byldhoukeunst
De aartsbiskop fan Lima
Makket in sike yndiaan better
Dy’t der by leit as de Krúsling sels
Gleon hantsje derop…klear!

Earst bringt ús Señor sykte
En as in echte Hear:
Nea dea
Gjin sykte mear

Bûten de pûst
Sûnder taal
Hâld ik ho
Op Machu Picchu
Ik sjoch
Bloed, slangen
Sinne …
Viracocha
Betsjoen my
Mei in nij
Skeppingsferhaal… Lês fierder

Anne Feddema

Geheim

logo.ensafh

 

 

 

 

Bûtenút fyts ik
Foarby it
Beweechlik stillibben
Kryptysk fertsjuskjen
Komt my temjitte
Noch waarme
Novimbersinne
Rook swiet
Wiet hea
En jarre
Lânlibben
Fata Morgana
Wrâld trillet
Yn ljocht
Boere-oaze
Protters op dongbult
Aanst tsjuster dûnsjend
Oan ’e himel
Yn waaiende wolkens
Fûgelfoarsizzing

Nim my op
Yn jimm’ waarme
Tsjettertekken
Faaks mei nije wjukken
Haw ik jim ek eat
Te fertellen… Lês fierder