Hakan Jörder

God is begroeven

logo.ensafh

 

God wie al dea
mar noch net begroeven
God wie al dea
lei te rotsjen
God is sa lang dea
ik haw him begroeven
mei syn praatsjes op in papierke
yn syn binnenbûse
want dy wienen fier út de tiid

Es gibt keine Maikäfer mehr

Ik haw op de fakatuere dien
ha myn testen ek trochstien
omdat de oaren sûgen wienen

De Koning is dood
Leve de Koning

Neues Gesetz 1
Die Schweinejagdsaison ist eröffnet.

Neues Gesetz 2
Dein Widerstand wird überwunden.

Neues Gesetz 3
Zögern ist ein Straftat

Der binne gjin wroechwjirmen mear

Alle wjirmen sitte djip yn ‘e grûn
en frette noch lang
oan dat taaie begroeven lyk fan God

Datum in Kraft: heute… Lês fierder

Hakan Jörder

Huthûsbankje

logo.ensafh

 

soms komt de kalmte
fan in holle holle
as ik nachtlik nessele
sit op in
bêzje-brún bankje
mei gatten deryn
skroarsk tusken ah en eh
tusken holle en heup
mei sokken
mei gatten deryn
as stadich sleauwerjend
gluoikjend gers ferglydt
tusken ah en eh
tusken wurdleas sûnder
en wurdleas mei
wurden
wylst wijreek stimet
en read pears wurdt
en david docht
wat david docht
mei wurden
en sûnder wurden… Lês fierder

Jelle Zwart

De heechbrieder

logo.ensafh

 

Yn de nacht
fan de nacht
stean ik steil
stil tusken
twa nachten
as boekesteunen.

Oer de
rânen sjoch ik
hichten
fan swart
in heechbrieder
leit dêr.

Myn frucht fan
aaien giel
de djerre
leech de dop
prematuer
de dowen.

It ferlies
in nachtspinsel
útbret yn’t
tsjuster by’t
kymjen fan ljocht
as deade dream.… Lês fierder

Sipke de Schiffart

In reade flek

logo.ensafh

 

by Winaem seach ik ea
de sinne hiel moai ûndergean
yn in spegelglêde Waadsee

nachts seach ik him noch

de oare deis seach ik him wer
as ik myn eagen iepen hie
en noch as ik se efkes tichtdie

letter seach ik de sinne nea
wer sa moai ûndergean as doe
yn de Waadsee by Winaem

nachts sjoch ik him noch… Lês fierder