Nij op ‘e planke – maart 2013

logo.ensafh

Poëzij

Tsead Bruinja – Mirka Farabegoli – Femke IJlstra

Stofsûgersjongers – Stofzuigerzangers

Afûk, Ljouwert 2013

ISBN 97890 6273 9448

Ferskynt 30 maart 2013

image1

Op 19 april 2010 stjoerde saksofoaniste Femke IJlstra in mailtsje nei dichter Tsead Bruinja oft hy wat fielt foar in gearwurking; in nij projekt mei poëzij en moderne klassike muzyk wêrby’t de langstme nei it dielde Fryske ferline in belangrike rol spylje soe. Bruinja skreau in gedicht oer in buorfrou út it doarp dêr’t er opgroeide, dy’t ûnder it stofsûgjen fan de foarkeamer, mei op ‘e achtergrûn de Arbeidsvitaminen, goed yn ‘e gaten hold wat der allegear foarby kaam.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – jannewaris 2013

logo.ensafh

Poëzij

Edwin de Groot

In hazze is in lokkich bern | Een haas is een gelukkig kind

HotSum, Utert 2013

Presintaasje: 31 jannewaris, 16 – 17.30 oere, Tresoar

In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind is Edwin de Groot’s tredde dichtbondel en syn earste twatalige. Tema’s as fergonkelikheid, de betreklikens fan ús bestean en it bestean fan de dichter foarmje wol de reade tried. Oan ‘e ein binne we inkeld in stofke yn it universum. Dat kin tryst oerkomme mar ek befrijend wêze.

Edwin de Groot (It Hearrenfean, 1963) debutearre yn 2005 mei it fers ‘Slachfjild’.Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke – Desimber 2012

logo.ensafh

Poëzij

Atze Bosch

Neilêzing

KFFB, Dokkum 2012

ISBN 97890 7491 8930

Ferkeappriis € 15,00

In letbloeier, sa soe men de dichter Atze Bosch (1927-2011) wol neame kinne. Syn earste eigen dichtbondel Alles op syn tiid ferskynde pas yn 2009. Doe’t syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. Dat is Neilêzing wurden.
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom.

Atze Bosch begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie.Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – Novimber 2012

logo.ensafh

– Poëzij –

Dam, Eppie

Mem sjoch boi

Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2012

ISBN 97890 3300 3462 (80 siden)

Ferkeappriis € 15,-

Eppie Dam is bekend as dichter, skriuwer fan berneboeken en koarte ferhalen en novellen en as biograaf fan Abe Lenstra, Foppe de Haan en Henk Kroes.

Syn nijste dichtbondel Mem sjoch boi giet oer alle fasetten fan it memwêzen. It binne prachtige gedichten oer de yntime relaasje tusken mem en soan; poëzij oer in tear en faak ek kwetsber ûnderwerp.

Yn seisenfyftich foarmfêste fersen mei omearmjend rym siket Eppie Dam nei de M fan Mem. Fertroude assosjaasjes lykas leafde en beskerming foarmje de moaie kant fan har ferhaal.

Lês fierder
Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke (2)

logo.ensafh

Poëzij

Wieren, Atze van – oerset troch Klaas Bruinsma
Bedevaart | Pylgerreis
Staalboek, Veendam 2012
ISBN 97890 7293 8572
Ferkeappriis € 7,50

De Fryske masteroersetter Klaas Bruinsma sette tal fan klassiken oer. Hy krige twa kear de Obe Postmapriis útrikt en hat yn 2007 de Zilveren Anjer krigen foar syn literêre fertsjinsten. Yn de bondel Bedevaart/Pylgerreis fine jo syn treflike oersetting fan de achtentweintich tsjerkegedichten fan Atze van Wieren út

dy syn bondel Bedevaart, dy’t yn 2011 by útjouwerij IJzer yn Utert ferskynde. It binne sprankeljende, krêftige oersettingen, yn in Frysk sa’t jo dat hjoed de dei noch mar komselden hearre.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke

logo.ensafh

Yn dizze nije nije boekerubryk sil ien kear yn de moanne in oersjoch jûn wurde fan nij ferskynde of nij te ferskinen boeken yn it Frysk, of oer it Frysk en Fryslân.

As jo as skriuwer of útjouwer jo eigen boeken hjir net tusken fine, hâld ús dan fan jo wurk op de hichte fia redaksje@ensafh.nl

Poëzij

Abma, Willem – mei in ynlieding fan Philippus Breuker

Troch eigen lânskip

Wijdemeer, Ljouwert 2012

ISBN 97890 8185 2135

Ferkeappriis € 39,50

Dizze brede blomlêzing út de fersen fan Willem Abma lit de ûntwikkeling sjen fan it dichterskip: fan de iere grimmitige fersen dy’t er ûnder de namme Daniel Daen skreau, oant de skôgjende, mylde fersen út de bondel Inerlik Ferskinen.… Lês fierder