Sytse Jansma

trajekt Boalsert — Harns

logo.ensafh

hoeden de wjekken fan ’e einebekken no’t de kjeld it wetter strjemje wol mei tinne eastewyn op ’e rjochter wang noeden de trekkerbrêge rêgebrekker as stive hazzen skotsjespringe sleatwâlrinne drave oer drek ôfdekkende planken dit is winterblyn oer it lân klune runen fan wylde wytsingen nei de see tekens fan in tiid doe’t pionier mulier mei sweevjende izers oer reidplomôfbeakene fearten pleatsen as eilannen boppe it wetter útstekkend kop omheech dêr stiet de stiennen man ûnder in aureoal fan wachtsjende kobben

 
 
 

Lês fierder

Pieter Yedema

trajekt Warkum — Boalsert

logo.ensafh
Trajekt 7

Reiden sjocht de rider net stean
Lang en folle is syn blik foardel
Iis sjocht er redens fan syn maten
Fier it Sibearysk mearke de stêd.

Roeiers binne ûnderweis
Silers, swimmers, bern op planken
Ynpakt fan de folle reidbosken
Moudewolkens hingje oer de merkestêd.

Rydboskjend stean minsken yn ’e wâl
Hiel it ein troch Parregea
Toppen reid waaie prikjes út
Boatsjes sliepe mank de skossen.

Tydromte autodyk op stêd oan
Winteling fan tuorren sjoch ik wer
Tinkend oan Boalsert ûnder stoom
Skrast in peloton op ’e bolwurken ôf.

By de herberch dêr’t ik dûnsjen learde
Giet it lofts oerside stap en slút
Sinne blikkeret op ’e swurden;
Jeen as earste by de Blauwpoarte
Rinkelet mei de ploech foarby de stien
Stien foar harren dy’t dêr foelen.… Lês fierder

Pieter Yedema

trajekt Warkum — Boalsert

logo.ensafh
Trajekt 7

Reiden sjocht de rider net stean
Lang en folle is syn blik foardel
Iis sjocht er redens fan syn maten
Fier it Sibearysk mearke de stêd.

Roeiers binne ûnderweis
Silers, swimmers, bern op planken
Ynpakt fan de folle reidbosken
Moudewolkens hingje oer de merkestêd.

Rydboskjend stean minsken yn ’e wâl
Hiel it ein troch Parregea
Toppen reid waaie prikjes út
Boatsjes sliepe mank de skossen.

Tydromte autodyk op stêd oan
Winteling fan tuorren sjoch ik wer
Tinkend oan Boalsert ûnder stoom
Skrast in peloton op ’e bolwurken ôf.

By de herberch dêr’t ik dûnsjen learde
Giet it lofts oerside stap en slút
Sinne blikkeret op ’e swurden;
Jeen as earste by de Blauwpoarte
Rinkelet mei de ploech foarby de stien
Stien foar harren dy’t dêr foelen.… Lês fierder

Jacob Bouwhuis

trajekt Hylpen — Warkum

logo.ensafh
It Soal 1963

Fier fuort krasten izers harren monotoane ritme
op it hymjen fan ’e eastewyn.
In mistich fjild
oardene stosnie
oer it útgreppele lân as ûngelikense pianotoetsen
hjir en dêr giel ferkleure troch kwalsteriis.

Lit my mar lizze neist dy wite bulte op it Soal
yn ’e ferskuorrende lijte fan keale reiden
de wazige eagen rjochte op it Sibearyske lege lân
fan ’e Warkumer waard
en op de swarte skym dy’t stadich
njonken in ûndersnijde dongbult
tusken stront en strie in ûngâns bedobbet.

Yn it feale lampeljocht
rôlet sêft in merakel oan wurden
oer de skonken fan de kealjende ko
mompelt bytiden de rigels fan in âld dichtstik
en lit de hûn it refrein hearre.… Lês fierder

Jacob Bouwhuis

trajekt Hylpen — Warkum

logo.ensafh
It Soal 1963

Fier fuort krasten izers harren monotoane ritme
op it hymjen fan ’e eastewyn.
In mistich fjild
oardene stosnie
oer it útgreppele lân as ûngelikense pianotoetsen
hjir en dêr giel ferkleure troch kwalsteriis.

Lit my mar lizze neist dy wite bulte op it Soal
yn ’e ferskuorrende lijte fan keale reiden
de wazige eagen rjochte op it Sibearyske lege lân
fan ’e Warkumer waard
en op de swarte skym dy’t stadich
njonken in ûndersnijde dongbult
tusken stront en strie in ûngâns bedobbet.

Yn it feale lampeljocht
rôlet sêft in merakel oan wurden
oer de skonken fan de kealjende ko
mompelt bytiden de rigels fan in âld dichtstik
en lit de hûn it refrein hearre.… Lês fierder

Ytsje Hettinga

trajekt Starum — Hylpen

logo.ensafh
Hylpertoer

Ik seach de lytse bern
op dûbele izers glydzjen

de fammen yn de kassakeintsjes
de prikslydjeiers op ’e Greft

Ik pronke boppe sliden
mei waaiende rokken en
stive broeken slydskjend
op houtsnijwurk en stiel

Ik hearde de belsliden
it pûsten fan ’e hynders
ik folge it autospoar
oer in wite tekken op see

Ik seach se kommen
de alvestêderiders
op Frisia Ratsma
De Ruiter en Nooitgedagt
de Krúsfeart del
de bealch der op

En wer en wer en wer
dy helske tocht

it bloed yn de sokken
wekken mei stokken
de kjeld yn de knibbels
in waas foar ’t ferstân
it burd fol iis

Ik ken it lijen
en it geniet

it klappen fan it folk
it jûchheien de rook fan
poeiermolke en petroalje

En dan de lêste kear
hurd klauwend
sjoch ik guont rûngear
op klapredens
de eastewyn temjitte
nei Warkum gean

Ik ken de wille
en it fertriet

Wachtsje op wat west hat
 
 
 

Lês fierder

Ytsje Hettinga

trajekt Starum — Hylpen

logo.ensafh
Hylpertoer

Ik seach de lytse bern
op dûbele izers glydzjen

de fammen yn de kassakeintsjes
de prikslydjeiers op ’e Greft

Ik pronke boppe sliden
mei waaiende rokken en
stive broeken slydskjend
op houtsnijwurk en stiel

Ik hearde de belsliden
it pûsten fan ’e hynders
ik folge it autospoar
oer in wite tekken op see

Ik seach se kommen
de alvestêderiders
op Frisia Ratsma
De Ruiter en Nooitgedagt
de Krúsfeart del
de bealch der op

En wer en wer en wer
dy helske tocht

it bloed yn de sokken
wekken mei stokken
de kjeld yn de knibbels
in waas foar ’t ferstân
it burd fol iis

Ik ken it lijen
en it geniet

it klappen fan it folk
it jûchheien de rook fan
poeiermolke en petroalje

En dan de lêste kear
hurd klauwend
sjoch ik guont rûngear
op klapredens
de eastewyn temjitte
nei Warkum gean

Ik ken de wille
en it fertriet

Wachtsje op wat west hat
 
 
 

Lês fierder